Janneke RatsmaEk bekend yn ferskate boarnen as Janneke Radsma (Grou, 11 juny 1896 – Ynskedee, 7 juny 1976) wie in skoaljuffer en Fryske skriuwster.Berte-akteRou-advertinsje, Ljouwerter Krante, 9 juny 1976
Har heit Jou Ratsma ferdronk by it hurdsilen op 'e Grouster merke, syn frou bleau mei twa famkes efter, Janneke wie noch mar 7 jier. Doe’t Janneke 12 wie, regele mem, dy’t in wolwinkeltsje hie, dat se by de minniste dûmny as twadde faam oan it wurk koe. Dûmny murk dat der kriich yn Janneke siet en soarge derfoar dat se yn Ljouwert in kursus folgje koe foar help-beukerliedster. Op har 20ste slagge se foar alle akten en krige al rillegau in baan yn Amsterdam. Om't se foar Douwe Kalma en de Jong Friezen werom nei Fryslân woe, folge se in stoomkursus foar de legere ûnderwiisakte en krige yn 1921 in oanstelling as skoaljuffer yn Alde Leie.
Ratsma wie warber lid fan de Jongfriezen en wurke mei oan Fryske tydskriften. Teffens wie se lid fan de Kommunistyske Partij fan Nederlân. Nei’t de skoalle yn Alde Leie opdoekt waard en de ferhalen oer har lidmaatskip yn Fryslân bekend rekken, koe sy dêr gjin wurk mear krije en ferfear hja nei Ynskedee dêr't de lju har net koene.
Wurk Frysk mearkesboek (1924), mei printen fan Johan Dijkstra
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk mearkeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frisiast Kategory:Frysk kommunist Kategory:Frysk balling Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk mearkeskriuwer Kategory:Nederlânsk kommunist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Grou Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1976