Riekele Prins (Kollumersweach, 25 april 1905 - Grins 14 maaie 1953) wie in autodidaktysk etser fan lânskippen. Hy makke drûge nille-etsen (-gravueres ), eins allinnich lânskipsetsen út Fryslân en Grinslân. In inkele kear steane der ek fûgels op. Yn syn realistyske wurk libbet natoerleafde en ferwûndering.
Libben en wurk Riekele Prins waard berne yn in Frysk arbeidersgesin, as soan fan Sytze Sjoerds Prins en Jantje van Nimwegen. Heit wurke as seizoensarbeider op in flaaksfabryk yn Bedum, dêr't de húshâlding him koart nei Riekeles berte fêstige. Nei de legere skoalle gie Prins as masinist yn it flaaksfabryk oan it wurk. Hy learde tekenjen fan syn freon Ties Allersma, dy't yn Amsterdam tekenûnderwiis folge. Mei finansjele stipe fan Allersma's heit krige Prins begjin jierren 1930 les by de skilder Jan Derksen Staats yn de stêd Grins. Yn 1934 sleat er him mei ûnder oaren Allersma, Jan ten Have, Herman van Wissen en A.R. Wittop Koning oan by de troch Derksen Staats oprjochte keunstkring De Regenboog. "Kunstkring De Regenboog", Nieuwsblad van het Noorden, 10 april 1934. Prins waard selsstannich keunstner yn Bedum en fan 1945 ôf yn Grins. Hy troude yn 1942 mei Paula Niezen (1898-1983).
Prins skildere en tekene, mar krige foaral bekendheid as autodidakt-etser fan it Grinslanner lânskip. "Eerbewijs aan Riekele Prins", Nieuwsblad van het Noorden, 11 juni 1982. Hy brûkte techniken as drûge nulle, aquatint en plaattoan. Prins debutearre yn oktober 1934 as eksposant op de earste eksposysje fan De Regenboog. Nei oanlieding fan Prins syn dielname oan 'Onze kunst van heden' (1939-1940) yn it Ryksmuseum Amsterdam kocht it Ryksprintekabinet twa fan syn etsen oan. By in ledetentoanstelling fan De Grafische yn 1941 yn it Stedelijk Museum Amsterdam kocht it Ryksprintekabinet op'e nij etsen fan Prins oan. "Werk van etsnaald, burijn en teekenstift", Algemeen Handelsblad, 19 mei 1941; "Werk van Regenboog-lid door Rijksprentenkabinet aangekocht", Nieuwsblad van het Noorden, 6 juny 1941. Hy die ek mei oan 'Onze grafiek van heden' yn it neijier fan 1942 yn Museum Boijmans yn Rotterdam. "Onze Grafiek van Heden", Het Vaderland, 24 july 1942; "Hedendaagsche etsen en gravures", Algemeen Handelsblad, 29 july 1942. Ek tichter by hûs eksposearre er geregeldwei, tegearre mei kollega's fan De Regenboog, de yn 1947 oprjochte keunstrûnte De Noorderkring (mei û.o. Allersma, Klaas van Dijk, Jan ten Have, Evert Musch, To Musch-Jager en Herman van Wissen) en fan 1950 ôf mei de Grinzer keunstrûnte De Ploeg.
Yn 1952 krigen Prins en skriuwster Sien Jensemade de earste Kulturele priis fan de provinsje Grinslân. Sy krigen in troch Nico Bulder makke lispinning en in bedrach fan 500 gûne. De útrikking troch kommissaris fan de keninginne Edzo Hommo Ebels wie op it Provinsjehûs, dêr't ek in tentoanstelling mei Prins syn wurk ynrjochte wie. Prins, Riekele yn: K. ter Laan (1954-1955) Groninger Encyclopedie."Culturele prijzen van Groningen toegekend", Algemeen Handelsblad, 10 januari 1952; "Culturele prijzen voor Groningen uitgereikt : Groningers van stad en landen huldigden twee kunstenaars", Ons Noorden, 18 februari 1952. Ein 1952 makke er de Nijsblêdkalinder 1953, foar de lêzers fan it Nieuwsblad van het Noorden.
Riekele Prins ferstoar nei in langduorjende sykte yn de âldens fan 49 jier; hy waard beïerdige yn Bedum. Yn Bedum, Hoogkerk en Ten Boer waarden strjitten nei him ferneamd. Yn 1978 waard ien fan syn etsen brûkt foar de kopermoandeiprint. Yn 1981 wie der op de Fraeylemaborg yn Slochteren de tentoanstelling Riekele Prins, etsten en tekeningen van het Groninger landschap. Peter Karstkarel, "Riekele Prins: verfijnde traditie", Trouw, 17 oktober 1981; https://resolver.kb.nl/resolve?urn=ddd:011008386:mpeg21:p027 "Riekele Prins in Slochteren"], Nieuwsblad van het Noorden, 17 oktober 1981. It jier dêrnei ferskynde in biografy dy't troch Prins syn freon Herman van Wissen oanbean waard oan kommissaris fan de keninginne Henk Vonhoff. " Riekele Prins, etser van het Groninqer landschap", Nieuwsblad van het Noorden, 30 desimber 1981; "Boek voor Vonhoff", Nieuwsblad van het Noorden, 28 maaie 1982.
Galery
Literatuer Lykele Jansma (1982) Riekele Prins, etser van het Groninger landschap.
Kategory:Frysk etser Kategory:Nederlânsk etser Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Kollumersweach Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1953