Antje (Anne) Porte (Alde Leie, 28 novimber 1902 - Ljouwert, 29 maaie 1984)Berte- en stjertegegevens fan Anne Porte yn it Biografysk Portaal wie in nillekeunstneresse út Aldebiltsyl. Hja krige tekenlessen fan Hein Froonen (1878-1958) en gie nei de skoalle foar tekenleararen yn Amsterdam. Anne Porte krige les yn gobelintechnyk fan frou Van Loghem. Se wie earst ferpleechster en dêrnei ferbûn oan de Ryksgebouwetsjinst, ûnder oare foar werstel fan de gobelins op Hûs De Bosk. Se makke gobelins en die oan bordueren en skilderjen (ûnder oare portret en lânskip).

Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Frysk ferpleechkundige Kategory:Persoan berne yn Alde Leie Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Aldebiltsyl Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1984