thumb|right|300px|Janneke Spoelstra Janneke Spoelstra (Hijum, 4 april 1962) is in Fryske skriuwster en oersetster út Alde Leie.
Libben Spoelstra folge in oplieding ta medysk analiste. As fanke skreau se yn it kuorbalkrantsje de Goocheme Goaier en stjoerde se, oars sûnder sukses, gedichten nei de Lyrische Courant fan de Ljouwerter Krante.
Neidat se de Afûk-diploma's A, B, C en akte helle hie, folge se de hbû-oplieding Frysk oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL). Yn 2001 krige se in dieltiidbaan by de Fryske Akademy as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT). Foar harsels begûn se mei in fertaalburo. Yn de tuskentiid ferskynden fersen fan har yn wykblêd Frysk & Frij en op de Fryske Skriuwerskalinder.
Yn 2000 kaam der in oersetting fan har yn it Frysk fan de roman 'Pan' fan de Noarske skriuwer Knut Hamsun. Se debutearre yn boekfoarm mei de útjefte fan de dichtbondel Goeie is it wachtwurd (2004).
Yngeand beskriuwt se har lesbysk wêzen http://www.fryskemodernen.nl/index.php?kategory=skriuwers&pagina=JannekeSpoelstra yn de ferhalebondel In Jikse-libben. Hja is dêrmei yn de Fryske literatuer de earste dy’t de leafde tusken froulju as ûnderwerp fan har ferhalen makket. Sy is sûnt 2002 redaktrise fan literêr tydskrift Hjir en sûnt 2009 fan it nije yntermediale blêd Ensafh, dat ûntstie út de fúzje fan it (papieren) tydskrift Hjir en literêr ynternettydskrift Farsk.
Bibliografy Eigen wurk 2004: Goeie is it Wachtwurd (poëzij) 2008: In Jikse-libben (ferhalen) 2011: Langst fan 'e Dagen (poëzij) 2020: Wij yn 'e draaimûne (dichtbondel)
Oersettings 2000: Pan (nei Pan, fan Knut Hamsun) 2008: Allinne (nei Alone, fan Edgar Allan Poe) 2008: Auck van der Leij (nei Annabel Lee, fan Edgar Allan Poe)
Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Wurdboekskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Persoan berne yn Hijum Kategory:Persoan berne yn 1962