Dirk Jacobs Ploegsma (Ljouwert, 19 febrewaris 1769 - dêre, 21 maaie 1791) wie in Frysk keunstskilder. Soan fan Jacob Dirks en Christina Idzardi.
Hoewol't er gjin gelegenheid hie om goede foarbylden en wurken te bestudearjen skildere er fraaie stikken. Doe't er noch mar sân jier wieVan Eijnden & Van der Willigen, s. 461. waard er in learling fan Mathijs Accama en Johannes Verrier. Ploegsma wie in learling fan J.M. Quinckhard (1688 - 1772). Keunstfreon dy't jonge keunstskilders advisearre, wêrûnder Willem Bartel van der Kooi dy't ek les fan Verrier hân hie. Syn wurk bestiet foar in grut part út portretten en histoaryske ûnderwerpen. Der sieten skilderijen fan him yn de keunstneilittenskip fan Vegelin van Claerbergen. Wurk fan him is te sjen yn it Frysk Museum.
Galery
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1769 Kategory:Persoan stoarn yn 1791