thumb|225px|Fokke Sierksma (l.) ûntfangt de Roland Holst-priis út hannen fan Garmt Stuiveling (1963) Fokke Sierksma (Dantumawâld, 30 maaie 1917 - Leiden, 22 augustus 1977) wie in Nederlânsk teolooch, godstsjinstpsycholooch, tibetolooch, essayist en dichter.

Libbensrin Hy waard grut yn in ortodoks-herfoarme fermidden as in soan fan Dokkumer garaazjehâlder Rypke Sierksma en Janke Krol. Nei it gymnasium yn Ljouwert gie Sierksma yn 1936 nei de Ryksuniversiteit Grins te studearjen. Troch it útbrekken fan de oarloch heakke de stúdzje wat, dat it ôfstudearjen wie earst yn 1945 by Gerardus van der Leeuw, by wa't er yn de oarlochsjierren klandestyn syn haadfak dien hie.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie Sierksma aktyf by it ferset; ûnder oaren harke er de ferhoaren en folteringen troch de SD ôf. Yn 1944 hearde Sierksma ta de oprjochters fan it yllegale tydskrift Podium. Ek nei de oarloch siet Sierksma yn de redaksje fan Podium. Yn syn essays en gedichten ferwurke er wat er yn dy tiid meimakke hie. Dy ûnderfinings foarmen ek it ûnderwerp fan in filmsenario dat Sierksma skreau ûnder de skûlnamme Frank Wilders. De film is der lykwols nea komd.

Nei de oarloch krige Sierksma in oanstelling by de Universiteitsbibleteek fan de Ryksuniversiteit Grins. Yn de jierren oant 1955 waard er bekend as essayist. Hy makke him doe los fan syn kristlike eftergrûn sa't út syn wurk bliken die. Hy skreau oer keunst, literatuer en poëzij. Ek fersoarge er in literêre rubryk op Radio Oost Noord Oost (RONO). Neist syn warberens op literêr mêd die er ek wittenskiplike arbeid. Yn 1963 waard Testbeeld bekroane mei de Henriette Roland Holst-priis. Dizze publikaasje wie in bewurking fan in deiboek oer telefyzjeprogramma's dy't er sjoen hie doe't er in rêstkuer hâlde. Yn de jierren 1965 en 1967 levere Sierksma bydragen oan De Nieuwe Linie.

Wittenskiplik wurk Sierksma promovearre yn 1950 cum laude oan de Ryksuniversiteit Grins op syn proefskrift Phaenomenologie der religie en complexe psychologie. Syn promotor wie prof. J. Lindeboom.

Yn 1953 waard Sierksma beneamd as wittenskiplik haadmeiwurker oan de teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Leien op it mêd fan godstsjinstskiednis en godstsjinstfenomenology.

Foaral it ferklearjen fan ritueel gedrach en godstsjinstige foarstellingen hie er niget oan. Hy ûntwikkele dêrfoar it begryp 'religieuze projeksje'. Yn syn ûndersyk behelle er ek de oerienkomsten tusken bistegedrach en dat fan minsken.

Sierksma beseach it ferskynsel religy út de psychoanalyse wei en behelle der ek biologysk en eksperiminteel ûndersyk yn. Dizze eigensinnige oanpak kaam him op in soad krityk te stean yn teologyske fermiddens.

Konflikten mei kollega's koene net útbliuwe en Sierksma syn posysje oan de universiteit kaam ûnder druk te stean. Dêr kaam noch by dat Sierksma in kompleks karakter en in alkoholferslaving hie.Nei 1967 die bliken dat Sierksma's oanpak goed oansleat by de studinten.

Yn 1972 waard Sierksma min of mear rehabilitearre yn de foarm fan in beneaming ta lektor en letter ta heechlearaar (1973).

Sierksma wie in fûl foarstanner fan de skieding fan tsjerke en steat en fan in wittenskiplik benei kommen fan de teology. Ek dat joech skeel yn teologyske rûnten.

It argyf fan Sierksma hat de Keninklike Bibleteek te Den Haach op 'e noed.

Bibliografy

Gedichten Gewaarmerkte gedichten, postúm útbrocht, 1977

Artikelen en essays Commentaar op Achterberg, opstellen van jonge schrijvers over de poëzie van Gerrit Achterberg, 1948 Schoonheid als eigenbelang, essyas, 1948 Tussen twee vuren. Een pamflet en een essay (bij De toekomst der religie van Simon Vestdijk), 1952 Bern fan de ierde : in essay oer it dichtwurk fan Obe Postma, 1953 Testbeeld : essays over mens en televisie, 1963 Willem Frederik Hermans, yn: Raster jrg. 5 (1971), nr. 2 (simmer)

Boeken Grensconflict, 1948 (skûlnamme Frank Wilders) Om fan dit lân te halden..., Fokke Sierksma oer Fryslân yn brief en petear. Joop Boomsma, F. Sierksma, 2006 Phaenomenologie der religie en complexe psychologie : een methodologische bijdrage, 1950 Freud, Jung en de religie, 1951 Professor Dr G. van der Leeuw : dienaar van God en hoogleraar te Groningen, 1951 De religieuze projectie : een antropologische en psychologische studie over de projectie-verschijnselen in de godsdiensten, 1956 De mens en zijn goden, 1959 De roof van het vrouwengeheim : de mythe van de dictatuur der vrouwen en het ontstaan der geheime mannengenootschappen, 1962 Profiel van een incarnatie : het leven en de conflicten van een Tibetaanse geestelijke in Tibet en Europa, 1964 Tibet's terrifying deities : sex and aggression in religious acculturation, 1966 Een nieuwe hemel & een nieuwe aarde : messianistische en eschatologische bewegingen en voorstellingen bij primitieve volken, 1978 Religie, sexualiteit & agressie, een cultuurpsychologische bijdrage tot de verklaring van de spanning tussen de sexen, F. Sierksma, Th.P. van Baaren, K.D. Jenner, 1979

Literatuer Fokke Sierksma: a biographical sketch and bibliography, fan H.L. Beck en K.D. Jenner, 1982 Wetenschap als eigenbelang: godsdienstwetenschap en dieptepsychologie in het werk van dr. F. Sierksma (1917-1977), Iersel, Josephus Henricus Petrus Maria van, 1991 Stagnatie in de Nederlandse godsdienstwetenschap 1920-1980: de bijdrage van Gerardus van der Leeuw, Fokke Sierksma en Theo P. van Baaren aan de godsdienstwetenschap'', Hak, Durk, 1994

Keppelings om utens Biografyske skets Bibliografy

Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk psycholooch Kategory:Frysk oriïntalist Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk essayist Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk psycholooch Kategory:Nederlânsk oriïntalist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Tibetolooch Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Dantumawâld Kategory:Persoan berne yn 1917 Kategory:Persoan stoarn yn 1977