thumb|right|300px|Oene Spoelstra Oene Spoelstra (Ferwert, 14 febrewaris 1944) is in Frysk skriuwer en ûnderwizer. Nei de Dokkumer kweekskoalle, studearre er psychology, andragogy en filosofy yn Grins en Utert. Yn Erlangen en Bournmouth hâlde er him dwaande mei Dútske literatuer en film.

Biografy Begjin sechtiger jierren skreau er gedichten en proaza yn de literêre blêden De Tsjerne en Trotwaer. Ek yn De gouden tiid, it jongereinblêd fan de KFJ (Kristlik Fryske jongerein) en yn De Harpe fan Bernlef (orgaan fan de Fryske studinteferiening yn Grins) stiene bydragen fan Spoelstra. Hy hat inkelde jierren diel útmakke fan de redaksjes fan De Tsjerne en Trotwaer.

Letter begûn er mei it skriuwen fan toanielstikken. Tusken 1969 en 1976 krige er fiif kear de provinsjale toanielpriis. Foar de RONO skreau er it harkspul ‘Waermte’ (1969), it waard letter op telefyzje brocht trocht de AVRO. Mei Klaas Rusticus makke er in telefyzjespul fan it ferhaal ‘Boete dwaan’ fan Teatske Alzum. Opfallend eksperimint wie de opfiering fan de ienakter ‘Spul’ (1969), weryn’t it publyk nei in reiniging op it toaniel úteinliks troch bleate aktrises mei in wetterpistoal fuortjage waard. Tryater hat ûnder oare syn stik Ik kin net oars’ (1980) opfierd oer Fedde Schurer.

Foar it ferhaal Dukke Bukke dea krige er yn 1976 de Rely Jorritsmapriis. Letter soe er noch inkelde kearen dy priis foar in troch him ynstjoerd ferhaal krije.

Wurk Waermte (harkspul, 1969) Fûgels (toaniel, 1969) Kinne jo my sizze faeks (oer Fedde Schurer, 1971) Afke D. (jûnfoljend stik, 1972) Thús (ienakter, 1974) Snipperdei (kommeedzje, 1979) De Hogerhuissaek (bewurking fan it stik fan D.A. Tamminga, 1979) Ik kin net oars (oer libben en wurk fan Fedde Schurer, 1980)De ein fan it slot: in kluchtige trageedzje (1981) In doarp sa lyts of sa fijn en sa fredich (toaniel, 1982) Jierdeifeest (ienakter, 1988) Kommen en gean (ferhalebondel, 1999)

Prizen Provinsjale toanielpriis Fûgels, 1969 Kinne jo my sizze faaks, 1971 Afke D., 1972 Thûs, 1972 Snipperdag, 1976 Rely Jorritsmapriis Dukke Bukke dea (ferhaal, 1976) Bei dir (ferhaal, 1994) Jierdeifeest ( ferhaal, 1996) It doarp (wurdearringspriis fers, 2002) It paradys'' (ferhaal, 2006)

Keppeling om utens Webside Tresoar

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk pedagooch Kategory:Frysk filosoof Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk harkspulskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Ferwert Kategory:Persoan berne yn 1944