thumb|right|Bauke en Greetje Bauke en Greetje is in sjongduo dat bestiet út Bauke de Groot (1955) en Greetje Wiersma (1959).

Se binne broer en suster. Bauke is fysiotherapeut en wennet yn Drachten. Greetje wurket op in ferzekeringskantoar en wennet yn Damwâld. It duo starte yn 1976 op in talintejacht. Bauke makket Fryske harklietsjes dy 't se beide útfiere. Bauke spilet der by op syn gitaar.

Letter foarmen Bauke en Greetje, harren suster Sien en freondinne Hinke Wolthuizen de formaasje Folkpolitie.

Diskografy Alwer in Fries ( LP, 1981 ) Reinbôge ( LP, 1986 ) Wier ( CD, 1993 ) Stil( CD, 2012 )

CD's mei oaren De Beste fan Omrop Fryslân ( 1992) Frysk hit festival 1 ( 1992 ) Tsjoch, in priuwke ( 1994 ) Tsjoch 2 (2001) Toppers út Fryslan 1 ( 1992 ) Toppers út Fryslân 2 ( 1994 ) Frysk hit festival 3 ( 2005 )

Keppelings om utens Webstee fan Bauke en Greetje Bauke en Greetje op Facebook

Kategory:Fryske amusemintsband Kategory:Band oprjochte yn 1976