thumb|Beart Oosterhaven Beart Oosterhaven (Hitsum, 5 july 1956) is dichter, oersetter, korrektor, publisist en muzykresinsint.

Biografy Sûnt 1981 is hy taalkundich meiwurker oan de Fryske Akademy. Dêr is hy ek lid fan de Musikologyske Wurkgroep. Fan dêrút fersoarge hy ek radioprogramma's foar Omrop Fryslân. Oosterhaven wie muzykredakteur fan it wykblêd Frysk en Frij en fan it literêr tydskrift Hjir. Hy is boppedat sjueryfoarsitter fan it Liet-festival. Beart Oosterhaven is redaksjelid fan It Beaken. Fierders is hy muzykkollumniist foar de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.

Wurk Poëzy 1979 : De polsslach 1990 : In leech fermidden : gedichten 1979-1989 2017 : Koarde fan 'e tiid. Utj. Hispel

Ferskaat (in seleksje) 1992 : Fryske hinnen : hânlieding by it hâlden, fokken en tentoanstellen 1996 : Aaipop magazine : Aaipop 10 jier 1996 : Muzyk yn Fryslân : aspekten fan it Fryske muzyklibben juster en hjoed'''' 2001 : Muzyk klinkt yn myn hert : de sololieten fan Paulus Folkertsma (1901-1972) 2005 : De fûgel yn dy : 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004

Oersettings (in seleksje) 1980 : De bearen dy’t nei see ta gongen (Susanna Gretz, út it Ingelsk) 1981 : Rein en Wytske (Milena Lukesová, oarspronklik Tsjechysk) 1982 : De bearen oan ’t ferhúzjen (Susanna Gretz, út it Ingelsk) 1986 : De Alvestêdetocht (stripferhaal-studio Vandersteen, út it Nederlânsk)

Prizen 1976: Rely Jorritsmapriis (foar fers: Sâlt)

Keppeling om utens Beart Osterhaven by Sirkwy.

Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk musikolooch Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Frysk muzykkritikus Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Frysk programmamakker Kategory:Omrop Fryslân-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn Hitsum Kategory:Persoan berne yn 1956