Ritske Numan (Drachten, 19 oktober 1921 - dêre, 17 jannewaris 2004) wie ryksamtner en in bekende Fryske bas-bariton.

Hy studearre sang oan it konservatoarium yn Utert. Yn 1955 waard hy lid fan it manljuskoar 'Smeliesterlân' dêr't er al gau de solopartijen die. Dêrmei begûn in solokarriêre. Dochs keas er koarte tiid letter om te sjongen as hobby. It súkses wie him tefolle, omdat it artystewrâldsje him tsjinstie.Kertiersteat fan Ritske Numan Hy waard lid fan it toankeunstkoar Frisia Cantat dêr't er yn 1987 ôfskied fan naam. Numan song ûnder mear lieten fan Fedde Schurer en Harm de Wilde.

Bekende lieten fan Numan binne Oan 'e Dwersfeart, Om utens en It âlderhûs.

Diskografy ( mei oaren ) 16 Friese hits, Bingo! ( 19??) Rôlje, rôlje ( 19??) De bêste út Fryslân 4 (19??) Ritske Sjongt! (1988?) It bêste fan Ritske Numan (cd, 1988) Gesangen (cd, 2005) De Beste fan Omrop Fryslân (cd, 1992) De Beste fan Omrop Fryslân, diel 3 (cd, 1998)

Keppelings om utens Ritske Numan op youtube It bêste fan Ritske Numan op muziekweb.nl Ritske Numan by streektaalzang.nl

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan stoarn yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1921 Kategory:Persoan stoarn yn 2004