Nyck de Vries (Twellingea, 6 febrewaris 1995) is in Nederlânsk karter en is sûnt 21 jannewaris 2010 opnaam yn it talinteprogram fan de Formule 1-ploech McLaren.McLaren liift karttalint De Vries yn, Ljouwerter Krante (sjoen op 21 jannewaris 2010)

De Vries hat sûnt 2001 al in grutte rige oan kartprizen by elkoar riden. Sa waard hy yn 2008 en 2009 Dútsk kampioen yn de KF3 klasse en wûn hy yn beide jierren de World Series Karting.

Yn 2021 waard Nyck de Vries wrâldkampioen yn de Formule E, de heechste raceklasse foar elektryske auto's dêr't De Vries sûnt 2019 yn ried. Op 20 maaie 2022 ried de Vries syn earste rûntsjes yn in Formule 1 auto by de frije training fan de Grutte Priis fan Spanje. Op 10 septimber datselde jier waard bekend dat de Vries op 11 septimber as earste Fries ea meidwaan sil oan in wedstriid yn de Formule 1. 10-9-2022 nos.nl De Vries maakt GP-debuut in Monza, vervangt zieke Albon De Vries riid de Grutte Priis fan Itaalje foar it team fan Williams. Yn oktober 2022 waard bekend dat de Vries foar it seizoen Formule 1 yn 2023 tekene hie foar it team fan AlphaTauri.8-10-2022 Omrop Fryslân, Nyck de Vries twadde Nederlanner yn Formule 1: "Jongensdroom gaat in vervulling" Op 11 july 2023, makke AlphaTauri bekend dat Nyck de Vries fanwegen tsjinfallende resultaten ûntslein is, syn plak by it team waard ynnommen troch de Australyske koereur Daniel Ricciardo.Omrop Fryslân, 11-7-2023, 'Nyck de Vries fuortstjoerd by AlphaTauri'

ûnderdielen en kampioenskippen Formule 2 jieren aktyf: 2017 - 2019 Teams: Rapax, Racing Engineering, Prema, ART Oerwinningen: 8 Kampioenskippen: 1 (2019) Poadia: 23 tal poles: 7

Formule E jieren aktyf: 2019 - 2022 Teams: Mercedes Oerwinningen: 6 Kampioenskippen: 1 (2021) Poadia: 8 tal poles: 1

Endurance jieren aktyf: 2018 - 2021 Teams: Racing Team Nederland, G-Drive Racing Klasse: LMP2 Oerwinningen: 0 Kampioenskippen: 0 Poadia: 3 tal poles: 0

Oersjoch Formule 1-karriêre 20222023Totaal Oantal races 1 1 (1 starts) Oantal oerwinningen 0 0 Oantal pole-posysjes 0 0 Oantal fluchste omgongen 0 0 Oantal Poadiumplakken 0 0 WK-punten 2 2 Einstân WK * Seizoen noch dwaande.

Kategory:Frysk autokoereur Kategory:Formule 1-koereur Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1995 Kategory:Karten