thumb|250px|Frâns Holwerda (l.) mei Meindert Bylsma (1996) Frâns Holwerda (Ljouwert, 17 maart 1938 - dêre, 12 juny 2000) wie in Nederlânske dichter, skriuwer en literêr kritikus, dy't yn it Frysk publisearre. Dêrneist wie er anneks mei ferskate Fryske literêre tydskriften en organisaasjes.

Libben Frâns Holwerda groeide op by de Burgumerdaam by Burgum. Nei de legere skoalle yn Sumar en de HBS yn Drachten folge te hawwen studearre er sosjale geografy en skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins. Oant syn pinsjoen wie er de ôfdielingsdirekteur fan de hafû fan skoallemienskip "De Delta" (tsjintwurdich: Piter Jelles Aldlân) yn Ljouwert.

Yn it earstoan wie Holwerda benammen ynteressearre yn de Nederlânske, Dútske en Spaanske literatuer, syn ynteresse foar de Fryske literatuer kaam earst op lettere jierren. Hy folge in oantal skriuwkursussen by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD, sûnt 2002 Tresoar) yn Ljouwert en publisearrre pas op syn fyftichste foar it earst. Hy wie redaksjelid fan it Fryske literêre tydskrift De Strikel, it Skriuwerskalinderboek en meiwurker oan De Strikelboekjes. Ek wie er redaksjelid fan De Oesdrip en wie er in skoft sekretaris fan It Skriuwersboun. Dêrneist wie er bestjoerslid fan de FLMD en lid fan de Koperative Utjouwerij.

Holwerda publisearre gedichten yn de Lyrische Courant, de Skriuwerskalinder, Operaesje Fers, Hjir en Trotwaer. Yn 1997 ferskynde syn ienichste dichtbondel, Wâldmanshikke. Oer dizze gedichten, wêryn't de leafde in grutte rol spilet, ferklearre Holwerda sels dat se beynfloede wienen troch Adriaan Morriën en Rogi Wieg.

Op 12 juny 2000 (Pinkstermoandei) ferstoar Holwerda hommels yn 'e âldens fan 62 jier yn Ljouwert.

Wurk 1997: Wâldmanshikke (gedichtebondel) 2000: Snapshots: oantinkens oan W.F. Hermans as dosint wis- en natuerkundige ierdrykskunde 1956-1960, yn It is net mear wat it ea west hat: bydragen oan 25 jier gedachtewikseling yn de SSN.

Priis 1993: Twadde priis yn de skriuwwedstriid om De Gouden Pen fan de Stichting Literêre Aktiviteiten It Hearrenfean, foar it ferhaal De soan fan Doris Day

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk literatuerkritikus Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Burgumerdaam Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2000