Sipke Lootsma (Reduzum, 9 jannewaris 1888 - Saandam, 15 maaie 1940) wie in histoarikus.

Hy wie in soan fan Rients Klazes Lootsma en Aaltje Westra. Hy wie troud mei Eelkje Talsma fan Reduzum. www.heidsma.nl GenealogyD. Vis, De Zaanstreek, Leiden: Burgerdijk & Niermans / Templum Salomonis 1948, side 126-128.

Sipke Lootsma waard yn 1913 ûnderwizer yn Saandam en letter learaar oan it lyseum. Hy wie in fûl tsjinstanner fan it faksisme. Teffens wie Lootsma deken fan de menniste gemeente dêre fan 1935 oant syn dea. Ensyklopedy Anabaptisten/Mennoniten

Hy skreau oer de walfiskfeart (1937), de hannel fan Hylpen en in histoaryske stúdzje oer de Saanstreek (1950) en naam it inisjatyf ta it pleatsen fan in grêfstien fan Paulus Kley yn de Wergeaster Mar.

Wurk De Zeildoekweverij te Krommenie (1928) Bijdrage tot de Geschiedenis der Nederlandsche Walvischvaart, meer speciaal Zaansche (Wormerveer, 1937). Het Nieuwe Huys 1687-1937, Friesch-Doopsgezinde Gemeente West-Zaandam - by it 250 jierrich bestean fan de gemeente (Saandam, 1937) De zeevaart van Hindeloopen in de zeventiende en achttiende eeuw, 1940)

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Reduzum Kategory:Persoan berne yn 1888 Kategory:Persoan stoarn yn 1940