alt=Omslach Frysk Lieteboek 1979|thumb|Omslach Frysk Lieteboek út 1979 It Frysk Lieteboek is in bondel mei 73 Fryske lieten, samle troch J. van Loon en mei M. de Boer yn twa- trije- en fjouwerstimmige setting mei pianobegelieding troch M. de Boer.

Skiednis ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979, Utjouwerij A.J. Osinga BV Boalsert

Yn 1876 ferskynde de foarste printinge fan it "It Lieteboek", dat yn de lettere drukken fan 1899, 1914 en 1930 "Frysk Lieteboek" kaam te hiten. De twadde printinge waard besoarge troch Tsjalling Eeltsjes Halbertsma en Wynsen Scheltes Faber fermeardere mei inkele lieten fan D.A.G. Draper, mei 104 lieten, troch lêstneamde twa mei J. Paardekoper (1930).

It "Nij Frysk Lieteboek" kaam foar it earst út yn 1886, werprintingen ferskynden yn 1905, 1916 en 1922.

Doe't tsjin 1940 oan al dizze útjeften útferkocht rekken, joech it bestjoer fan de Fryske Akademy oan syn Musikologysk Wurkferbân opdracht, in nij en modern lieteboek gear te stallen. Dat boek ferskynde yn 1948 ûnder de namme "Lieteboek". It is al jierren útferkocht. Doe't de útjouwer Osinga fan Boalsert him yn 1977 ree ferklearre de útjefte fan in twadde printinge op syn noed te nimmen, frege it Akademy-bestjoer op 'en nij oan de Musikologyske Wurkgroep, dit wurk ta te rieden. De wurkgroep seach al gau dat it mei in revyzje fan it Lieteboek 1948 net ta koe, dêrfoar wie der tefolle krityk op dy útjefte ynkommen, benammen wat de begeliedings en de kar fan de lieten oangie.

Ynhâldsopjefte Flaggeliet Frysk folksliet It heitelân War dy! Eala fria Fresena Frisia cantat Frysk bloed Fryske sang Wâldsang Wy, wy litte ús taal net farre Wy sels Oan Schylge Suker-Jantjen Nieuw liedeken tot lof van Vrieslandt By't opgean fan 'e sinne Goemoarn Simmermoarn Simmerjûn As yn it foarjier Yn 'e stille jûne As 't maitiid is De maitiid Maitiidsjûn yn Gaasterlân De simmer is kommen Hjerst Hjerst yn Gaasterlân De Fryske hurdsiler Grouster weagen It marke It sweltsje Roeiersliet Wolkom oan 'e silerstiid Skipperssankje Oan 'e dyk fan Keimptille Oan 'e kant fan 'e mar See, do wide see It lot fan Tea It lot fan Tea Ald en nij Daijenne Reveille De Boalserter merke Yn de Karpaten It feintsje fan Menaam Op 'e swalk It froalike famke It fjild yn De twa roeken Swalkje Jonker Pyt en Sibbel De muoikes Op 't muzyck-sjongen Breidzje Sjolle Kreamer's lillepypkersliet Famke út tûzen Maitiidsleafde It famke yn 'e Skâns Sjouk fan Longerhou Wobbelke Ynskje en Oark It wite wiif Friesch pastorel Myn Berber Seemansklachte De seeman Hjoed in jier Langstme Widzesang Widzeliet Mimering Weromsjen It âlderhûs De heidebeam Widzesang fan 't seemanswiif De terp Us pake' klok Sang fan Delila Dû bist allyk in blomme Sliepsankje De âlde goede tiid Yn de iere moarn Jûnsliet Kom dû mei dyn suv're seine Ik lit, o God, de lofsang klinke Free-bea God, ferjou my Hear, bliuw my nei It liet fan de Wylde Mier Hoe kom ik Jo temjitte? Ik bring dy, berntsje, hulde ta Wolkom hjir op ierde O, Krystbern Krystblydskip Alle goaden ha wy tsjinne Krystreis Hoe blinkt de stjerre fan 'e moarn O Berntsje sa lyts O holle, bloedbedutsen O Laam fan God, ûnskuldich O grutte Kristus, ivich ljocht It krús Kom, Skepper, Geast No tankje allegear Och, bliuw mei Jo genede Loovje de Hear Marije sjongt God groetet Jo, syn blomme Manna Spieders Stil giet it jier wer hinne Riis oerein! Skielk, as de bazunen skalle

Kategory:Lietebondel Kategory:Frysktalige dichtbondel Kategory:Dichtbondel út 1876 Kategory:Fryske muzyk