Jaap de Vries (Kollum, 27 novimber 1961 - Emmeloard, 1 jannewaris 2010) wie in yllustrator en skriuwer.
Hy folge in oplieding oan de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Kampen, en krige dêr ûnder oare les fan Annemie Heymans. Jaap de Vries yllustrearre boeken fan û.o. Dolf Verroen, Koos Meinderts en Henk Hokke. Foar it tydskrift Okki makke hy mei Isabel Versteeg de strip 'Meneer Sim'. Hy wurke ek foar it tydskrift Mik-Mak en bytiden de berneside fan it NRC Handelsblad. Foar de Afûk makke er illustraasjes foar berneboeken as "Fertelle fan Jelle" (Auck Peanstra). Foar 'De ûnmooglike reis fan de Santa Maria' (Jan Schotanus) makke De Vries in detailearre skipstekening fan de Santa Maria. Yn 1999 makke hy tegearre mei skriuwster Tiny Mulder de Rymposter fan de Fryske berneboekewike.
Hy tekene leafst swart-wyt mei pinne en inket yn in meast tradisjonele eigen styl. Mei in soad arsearde streekjes ûntstienen de griistinten. Doe't it tal opdrachten net sa grut wie begûn er sels te skriuwen, meast mearkefiguerkes. Wurk fan him wie te sjen op eksposysjes yn Burgum (1996) en Drachten (2001).
Bibliografy De Koning en de Koningin (1995) Halewijntje en de Struikrovers (1998) (oer de leafde tusken twa manlju) De koning die van buigen hield (2001, Querido) Ridder Rob en de Stippenbeker (2002, Zwijssen) Taart (2004, Zwijssen) Tjokje Tjakema (2005, Zwijssen) De Kroon van Koning Hiep Hiep (2005, Zwijssen) De Vliegfiets (2007, Zwijssen) Een fles in zee (2008, Zwijssen)
Prizen 1995: "Vlag en Wimpel" - De koning en de Koningin 2001: "Gouden Penseel" - Een Kip voor Toos
Keppeling om utens Jaap de Vries op leesplein
Kategory:Frysk yllustrator Kategory:Frysk striptekener Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Nederlânsk striptekener Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Kollum Kategory:Persoan berne yn 1961 Kategory:Persoan stoarn yn 2010