De hauk (Astur gentilis, foarh. Accipiter gentilis) is in krêftige rôffûgel út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae) en de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers (Accipitrinae).

Beskriuwing In folwoeksen hauk kin in lingte hawwe fan tusken de 49 - 66 sm. Hy hat koarte, brede wjukken en in lange, hast fjouwerkante sturt. In folwoeksen hauk hat in wite streek boppe it each, in swarte krún en donkere fearren yn de earstreek. It fearrekleed fan in mantsje is boppe-oan brún en ûnderoan skierwyt mei tinne grize bannen. It wyfke is folle grutter mei boppe-oan in laaigriis nei brunich fearrekleed en ûnderoan griis mei tinne brunere bannen. In jonge hauk hat boppe-oan in brún fearrekleed en ljocht mei brune lingtestreekjes ûnderoan. Boppedat is de wite eachstreek minder opfallend. left|thumb|Jonge (lofts) en folwoeksen hauk thumb|left|Wyfke, mei wite eachstreek, swarte krún en swarte earfearren

In hauk is in stille fûgel. Allinnich yn de briedtiid kin men fan ferskate soarten gekekker hearre. Yn Euraazje wurdt de mantsjehauk maklik betize mei de sparwer (Accipiter nisus), mar is wat grutter, swierder en hat wat langere wjukken.

Fretten De hauk fangt middelgrutte fûgels en sûchdieren. Haadproaien yn Nederlân binne postdo, houtdo, houtekster en knyn. Yn terrein mei in soad dekking jaget de hauk fan in sitplak of yn in lege flecht, om in proai te ferrassen. Dêrby kin de fûgel op koarte stikken in relatyf hege snelheid (80 km/o) ûntwikkelje. Hauken fange benammen de soarten dy't yn harren habitat in protte foarkomme. Faak is te sjen hoe't in hauk út in sirkeljende flecht wei, lykas in sljochtfalk, op in proai dûkt.

Fuortplanting In spantsje hauken hat faakin stikmannich nêsten yn harren territoarium, dy't fan jier ta jier wiksele wurde om parasiten tsjin te gean, mar makket dochs maklik in nij nêst. Dat nêst, ek wol hoarst neamd, wurdt mei deade tûken heech yn de beamkrún boud yn in gaffelfoarmige tûke, of oanlynjend tsjin de stamme. thumb|left|nêst jonge hauken

De hauk leit 1 - 5 blauwite aaien, meastal trije of fjouwer. By it brieden ferfearje de mantsjes en wyfkes en kinne maklik rudefearren ûnder it nêst lizze fan benammen it wyfke, trochdat dy mear oan it nêstgebiet bûn is. Haukejongen dy't ree binne om it nêst te ferlitten begjinne mei fleanoefenings. De âlden lizze dan proaien op de râne fan it nêst, wêrtroch't de jongen fladderjend nei de râne geane. En ynienen dûke se spontaan fan it nêst as (hast) follearde fleanders. De hauk hat in karakteristyk flechtpatroan: trage klap fan de wjukken, trage klap en dan glydflecht rjocht foarút.

Se bliuwe harren hiele libben yn itselde territoarium, mar de hauken út noardlike streken migrearje súdoan om te oerwinterjen.

Fersprieding De hauk komt benammen foar yn boskgebieten yn matige streken fan it noardlik healrûn fan Jeraazje. Lânbougrûnen wurde lykwols ek faak brûkt en hjir en dêr wurde se ek al yn stêden sjoen (Amsterdam en Rotterdam).

Jachttechnyk De hauk set him ûnferweechlik op in tûke en wachtet oant er in proai sjocht. As er de proai keazen hat, set er him ôf en fladderet in pear kear mei de wjukken. Mei syn wjukken hast hielendal tsjin it lichem stoart er him hurd-hurd troch beammen en strewellen op syn proai ôf oant er dy hat. thumb|right|Mantsjeshauk

Taksonomy De hauk telt sân ûndersoarten: Accipiter gentilis buteoides: Noard-Euraazje Accipiter gentilis albidus: NE Sibearje Accipiter gentilis schwedowi: NE Aazje Accipiter gentilis fujiyamae: Japan Accipiter gentilis gentilis: Noard- en Sintraal-Jeropa Accipiter gentilis marginatus: Itaalje, Balkan oant Iran Accipiter gentilis arrigonii: Korsika en Sardynje

Keppeling om utens SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hauk Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan