De ljurk, ek: liuwerik of ljurts (wittenskiplike namme: Alauda arvensis), is in fûgel út it skaai fan 'e ljurken (Alaudidae).

Ljurken komme yn West- en Súd-Europa it hiele jier foar. Yn East-Europa komme se allinnich yn it briedseizoen foar.

It bysûndere oan 'e ljurk is dat hy al sjongend stiicht nei grutte hichte en dêr in skoftsje sjongend omfljocht om dan yn stilte wer te sakjen. Dat docht er om syn territoarium ôf te beakenjen.

Skaaimerken thumb|left|Fleanende ljurk. De ljurk is 18 oant 19 sintimeter lang en lykas de oare soarten fan it skaai mei in ûnopfallend fearrekleed. De boppekant is benammen brún en de ûnderkant is ljochter fan kleur. De ljurk hat in koarte túf op 'e kop, dy't er opsette kin. Yn 'e flecht is de sturt koart en hat er koarte en brede wjukken. De sturt en de efterrâne fan 'e wjukken hawwe wite rânen. It mantsje hat bredere wjukken as it wyfke.

De soarte stiet bekend om de sang fan it mantsje, dy 't er hearre lit as er op in hichte fan 50 oant 100 meter biddend fleant. De sang duorret meastentiids twa oant trije minuten, mar wurdt yn 'e briedtiid faak langer en kin dan wol oant 20 minuten duorje. By wynparken is waarnommen dat mantsjes op hegere frekwinsjes sjonge troch it lûd fan 'e wynturbines. Mantsjes ha lokaal in eigen dialet wêrmei't se harren ûnderskiede kinne fan fûgels út oare gebieten.

Fersprieding Dizze ljurk briedt yn hast hiel Jeropa en Aazje en yn 'e bergen fan noardlik Afrika. Hy is benammen stânfûgel yn it westen fan syn ferspriedingsgebiet, mar eastlike populaasjes binne mear trekkend en lûke winterdeis fierder nei it suden. Sels yn it mildere westen fan syn ferspriedingsgebiet lûke in protte fûgels winterdeis nei de leechlannen en de kust. Aziatyske fûgels, ûndersoarte A. a. pekinensis, komme as dwaalgast foar yn Alaska.

Der wurde alve ûndersoarten erkend:

A. a. arvensis Linnaeus, 1758 – noardlik, westlik en sintraal Jeropa A. a. sierrae Weigold, 1913 – Portegal, sintraal en súdlik Spanje A. a. harterti Whitaker, 1904 – noardwestlik Afrika A. a. cantarella Bonaparte, 1850 – súdlik Jeropa fan noardeastlik Spanje oant Turkije en de Kaukasus A. a. armenica Bogdanov, 1879 – súdeastlik Turkije oant Iran A. a. dulcivox Hume, 1872 – súdeastlik Jeropeesk Ruslân en westlik Sibearje oant noardwestlik Sina en súdwestlik Mongoalje A. a. kiborti Zaliesski, 1917 – súdlik Sibearje, noardlik en eastlik Mongoalje en noardeastlik Sina A. a. intermedia R. Swinhoe, 1863 – noard-sintraal Sibearje oant noardeastlik Sina en Koreä A. a. lonnbergi Hachisuka, 1926 – it noardlike part fan it eilân Sachalin A. a. japonica Temminck & Schlegel, 1848 – it súdlike part fan it eilân Sachalin, de súdlike Koerillen, Japan en de Rjûkjû-eilannen: de Japanske ljurk

Yn 'e 19e iuw waarden der ferskate kearen Jeropeeske ljurken yn Nij-Seelân útset, earst yn 1864 yn Nelson (op it Sudereilân) en letter yn 1867 yn Auckland (op it Noardereilân). De populaasjes namen fluch ta en hienen har tsjin de jierren 1920 oer sawol it Noarder- as it Sudereilân ferspraat. thumb|260px|Ljurk yn it natuerreservaat Flommen, Sweden. Ek yn Austraalje waard de Jeropeeske ljurk op ferskate mominten yntrodusearre, foar it earst yn 1850. De fûgel komt dêr no rûnom foar yn it súdeasten.

Yn 1865 waard de Jeropeeske ljurk yntrodusearre op 'e súdeastlike Hawaï-eilannen. Dêr wie de soarte earder algemien, mar de oantallen binne op Oahu tebekrûn en op Kauai is de soarte ferdwûn. Neffens in stúdzje út 1986 wiene der allinnich noch Jeropeeske ljurken op de eilannen Hawaï en Maui, mei in rûsd totaal fan 10.000 yndividuen.

Yn 1903 waarden ek Jeropeeske ljuken útset op Vancouver-eilân foar de westkust fan Kanada en yn 1913 nochris. De populaasje groeide en telde om 1962 hinne sawat 1000 yndividuen, mar is dêrnei tebekrûn troch ferlies fan leefgebiet.

Nederlân De ljurk wie oant 1975 yn Nederlân in talrike briedfûgel op boerelân en kaam earder yn it hiele lân foar. Sûnt dy tiid sette fral yn greidegebieten en minder op boulân in delgong yn, dy't oant 2010 duorre. Dêrnei folge in stabilisaasje fan 'e populaasje of in lichte opgong. De ljurk hat slim te lijen hân fan 'e moderne yntinsive lânbou.

Hâlden en dragen Jeropeeske ljurken briede foar it earst as se ien jier âld binne. It brieden begjint fan maart oant begjin april. It nêst is in ûndjip kûltsje yn 'e grûn, dat mei gers beklaaid wurdt. It lechsel bestiet út 3 oant 5 aaien. De aaien fan de nominaatûndersoarte hawwe in griiswite of griene basis en binne oerdutsen mei brune of oliifkleurige plakjes. Se wurde allinne troch it wyfke bebret, dêr't hja mei begjint nei't it earste aai lein is. Nei alve dagen komme se tagelyk út. De keale, ûnfolwoeksen piken wurde troch beide âlders fersoarge en krije de earste wike hast allinne ynsekten te iten. De piken fleane nei 18 oant 20 dagen út, mar ferlitte it nêst meastentiids al nei 8 oant 10 dagen. Se binne nei likernôch 25 dagen ûnôfhinklik fan har âlders. De âlders kinne oant 4 lechsels yn ien seizoen hawwe.

De Jeropeeske ljurk foerazjearret op 'e grûn en siket nei ynsekten en plantemateriaal lykas sied en jonge blêden. Oars as finkfûgels (Fringillidae) yt er sied sûnder it flues der ôf te heljen. Simmerdeis foarmje ynsekten in wichtich part fan it dieet.

Ofbylden

Status De ljurk hat in grut ferspriedingsgebiet en in tige grutte populaasje, dy't yn 2012 op 290.000.000 oant 530.000.000 folwoeksen fûgels rûsd waard. Oannommen wurdt dat de soarte tebekrint. De IUCN klassifisearet de ljurk lykwols as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List. Boeren wurde oantrune om krûdenrike ikkerrânen oan te lizzen dêr't de fûgel foerazjearje en skûlje kin. Ut in Ingelske stúdzje oer de delgong fan 'e soarte die bliken dat de tiid fan ynsiedzjen fan nôt foar de fûgel fan grut belang is. Eartiids waard yn 'e maitiid siedde, groeide it gewaaks yn 'e simmer sadat der yn 'e iere hjerst rispe wurde koe. Hjoed-de-dei wurdt nôt dêr faak yn 'e hjerst siedde, groeit it yn 'e winter en wurdt it yn 'e iere simmer al rispe. It gewaaks op ikkers dat winterdeis ynsiedde is, stiet yn 'e simmer te ticht op inoar sadat de ljurk gjin romte hat om tusken it gewaaks te foerazjearjen.

Sjoch ek heideljurk toefljurk strânljurk

Keppeling om utens SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ljurk Kategory:Greidefûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn de Azoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Eksoat yn Ascension Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Hawaï Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân