thumb|Minze Dijksma thumb|left|Minze Dijksma mei Griet Wiersma en Lytse Teake Minze Dijksma is in ûnderwizer Minze Dijksma, gûcheler mei in dûbellibben: oerdeis foar de klasse, jûns op toaniel, Ljouwerter Krante, 8 augustus 2023 en gûchelder út Wolvegea. Hy begûn al as bern mei gûcheljen. Dat levere him yn 1986 in earste priis op by it Nasjonaal Kongres foar in orizjinele Alvestêdetocht-act. Yn 1994 wûn Minze mei in optreden yn de 5 uur-show de earste priis yn de talintejacht fan Barry Stevens. De grutte klapper foar him wie it Nationaal Goochelcongres fan 1996 yn Ljouwert. Hy wûn doe mar leafst fiif prizen, dêrûnder it Nasjonaal Kampioenskip. Dy priis wûn er yn 2004 nochris foar syn toanielgûcheljen.
Bûten syn fingerfluggens hat er ek Table-magic sesjes, mar docht leafst acts dêr't er it publyk by fisueel en ferbaal op 'e ferkearde poat besiket te setten. As helpmiddels brûkt er in spul kaarten, doekjes, toutsjes, ballen, in libbene en in deade do. Troch syn humor waard er alris de "de Herman Finkers ûnder de gûchelders" neamd. Minze hat ek in spesjale foarstelling foar bern.
Mei Teake van der Meer en Griet Wiersma die er sûnt 2004 it programma Sa ken 't ek, dêrnei Efkes wat oars en yn 2009 it Fryske jûnfoljende programma Skoft yn 'e tiid .
Publikaasje Onvoorstelbaar, oer syn ûnderfiningen as gûcheler (2021). Stellingwerf.nl. 19 novimber 2021
Keppeling om utens Webstee Minze Dijksma Minze Dijkstra mei in bernefoarstelling op YouTube
Kategory:Frysk gûchelder Kategory:Frysk kabaretier Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Wolvegea Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw