De blauwe hoanskrobber (Circus cyaneus) is in fûgel út de famylje fan de haukfûgels, ûnderfamylje fan de hoanskrobbers (Circinae).
Fryske nammen De blauwe hoanskrobber wurdt yn it frysk ek wol aaifretter as blauwe falk neamd. thumb|220px|left|In ûnfolgroeid mantsje.
Foarkommen De blauwe hoanskrobber is mei in grutte fan sa'n 43 sm (manstje) oant 51 (wyfke) dúdlik lytser en behindiger as de brune hoanskrobber. De wjukspanwiidte is sa'n 105 sm. De mantsjes waage in 300-400 gram, de wyfkes binne mei 410-710 gram in stik swierder. Mantsjes en wyfkes sjogge der ek hiel ferskillend út. It wyfke is brún en hat ek yn de flecht sichtbere wite boppesturtfearren. Om't sy in bulte liket op it wyfke fan de skiere hoanskrobber en de steppehoanskrobber is se allinne troch bedreaune fûgelders te underskieden. It mantsje sjocht der fanút de fierte felblau út, se hawwe dúdlik swarte wjukpunten. Fan tichtby is de rêch griis, kop en boarst binne donker griisblau. De jonge fûgels binne brún.
Fersprieding De blauwe hoanskrobber komt yn hiel Jeropa en in grut part fan Aazje foar. Wol is it sa dat harren libbensgebiet bot troch de it brûken fan de minsken bot achterút giet. De fûgels hâlde fan iepen gebieten sa as heide en foaral sompen mei grutte reitfjilden. Yn Noard-Amearika komt ek in besibbe soart foar. De blauwe hoanskrobber is in seldsume briedfûgel yn Nederlân. It soarte hat in oantal briedplakken op de Waadeilannen, yn de Oostvaardersplassen en tige ferspraat yn it noarden fan Nederlân, yn totaal yn 2000 heechút 100 pear.
Fiedsel De haadproai is de wylde knyn, mar sjongfûgels en mûzen binne ek wichtige fiedselboarnen.
Fuortplanting en status as beskerme soarte De blauwe hoanskrobber hat syn nêst op de grûn. Faak yn hege fegetaasje dy't beskerming biede moat tsjin de foks. It wyfke leit ein april as maaie fjouwer oant seis aaien. De aaien wurde om de twa dagen lein. De aaien wurde yn 29-31 dagen troch it wyfke útbredt. It mantsje soarget foar it iten dat troch it wyfke oannaam wurdt troch in mantsje in lyts stikje yn de mjitte te fleanen en de proai oer te nimmen. Neidat de jongen útkaam binne duorret it noch 37 dagen foar't se fleane kinne. Ek dêrnei bliuwe se faak noch in skoftsje by it nêst yn de buert. It oantal briedpearen yn Nederlân sakket sterk sûnt 1993. De fûgelsoarte, hoewol ynternasjonaal gjin bedrige soarte, stiet dêrom as gefoelich op de Nederlânske reade list. Yn 2019 wiene der noch mar 13 briedpearen yn Nederlân. As wintergast wiene der sa'n 400-800 blauwe hoanskrobers yn Nederlân, wêrfan sa'n 100 y Fryslân.
Oerwinterders Yn de winter komme Skandinavyske blauwe hoanskrobbers Fryslân binnen om te oerwinterjen. Se jeie hjir dan op fjildmûzen.
Sjoch ek List fan fûgels skiere hoanskrobber brune hoanskrobber steppehoanskrobber
Keppeling om utens "Meer blauw op de Wadden", ûndersyk troch Sovon. SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd , 2001. Avifauna van Nederland 2. ISBN 90-74345-21-2 SOVON Fersprieding en oantalsûntwikkeling fan de blauwe hoanskrobber yn Nederlân Foto's fan in Blauwe Kiekendief ringe op It Amelân en weromfongen op Skiermuontseach.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hoanskrobber Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia