De Mallemok (Fulmarus glacialis) is in fûgelsoarte út it skaai fan de mallemokken (Fulmarus) yn it skift fan de mokeftigen (Procellariiformes). Yn it earste oankommen liket de fûgel op miuwen (Larus), mar de mallemok heart ta de famylje fan de mokfûgels (Procellariidae), en beide famyljes hearre ta ferskillende skaaien. De soarte is griis en wyt mei in giele snaffel, de lingte is 43-52 sm en de spanwiidte 101-117. Fan de mallemok bestiet sawol in donkere as in ljochte kleurfariaasje.

Namme De mallemok hjit yn it Frysk ek wol fan mâlemok, mok, seemok, stoarmmok of ûnwaarsfûgel; yn it Noardfrysk: malmuk, Deensk: mallemuk, Nederdútsk: ies-stormvagel, Dútsk: Eissturmvogel, Nederlânsk: Noordse stormvogel, Ingelsk: Northern Fulmar.

Briedseizoen Mallemokken briede op kliffen; se lizze ien aai op de rûge stiennen of yn in hoaltsje fan plantaardich materiaal. Nesteljende fûgels en jongen kinne in akelich rûkende maachoalje oant twa meter fier spuitsje om sa ynkringers op ôfstân te hâlden. As fûgels it op harren fearren krije, wurde dy dêrtroch slim beskeadige, wat ta ferlies fan fleanfermogen en úteinlik de dea liede kin. Op dizze wize kin de mallemok him effektyf tsjin rôvers lykas skraaitsen ferwarre.

Fiedsel Bûten it briedseizoen binne it folslein oseaanfûgels, dy't har fiede mei fisk en fiskôffal. Resint ûndersyk om de Noardsee hat útwiisd dat mallemokken gefoelich binne foar plestik swalkôffal op see, dat him ophopet yn it spiisfertarringsysteem fan de fûgels. Yn de 20e iuw hat de soarte him wol útwreidzje kind troch de taname fan de kommersjele fiskerij en dêrby frijkommende beskikberheid fan fiskkôffal. Gefoelichheid for klimaatferoaring, in ôfname fan de fiskerij yn de Noardsee en in tanamme fan fersmoarging soene der ta liede kinne dat de soarte efterút giet.

Fleanen Lykas oare mokeftigen kin de mallemok net sa goed rinne, mar it binne treflike fleanders, mei frij stive, rjochte wjukken, wat harren fan de miuwen ûnderskiedt. Se hawwe in dikke bolle nekke en in relatyf koarte snaffel. De libbensferwachting is heech; it is net ûngewoan dat se fjirtich jier âld wurde.

De mallemok kin it hiele jier troch oan de Fryske en Nederlânske Noardseekust sjoen wurde, mar foaral nei in perioade mei oanlannige, stoarmeftige wyn yn de hjerst, soms mei hûnderten, meastal in pear oant tsientallen. Hy kin mei de sulvermiuw betize wurde; in Sulvermiuw hat lykwols swarte wjukpunten en in mallemok net en fierders fleane de twa soarten hiel ferskillend.

Sjoch ek List fan fûgels

Keppelings om utens SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mokfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee