Harry Kurt Victor Mulisch (Haarlim, 29 july 1927 - Amsterdam, 30 oktober 2010) wie ien fan 'e wichtichste Nederlânske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldkriich.

Mulisch, soan fan in Eastenryksk-Hongaarske heit dy't kollaborearre yn de Twadde Wrâldoarloch en in Dútsk-Joadske mem, waard grutbrocht yn dy oarloch, dy't tige ynfloed op him en syn skriuwerij hân hat. Yn 1947 ferskynde syn earste ferhaal (De kamer), yn 1952 folge syn earste roman: archibald strohalm. In soad boeken folgen, lykas Het stenen bruidsbed (1959), Twee vrouwen (1975), De aanslag (1982) en De ontdekking van de hemel (1992). Syn lêste roman wie Siegfried, ferskynd yn 2001. 'Magysk-mytysk' is in protte brûkte oantsjutting fan in grut part fan Mulich syn oeuvre.

Mulisch syn hâlden en dragen waard faak omskreaun as arrogant, dat, en syn stipe oan it Kuba fan Fidel Castro kaam him op krtyk fan guonts te stean. Hy jildt as ien fan de wichtichste nei-oarlochske Nederlânske skriuwers en wurdt ta "De Grutte Trije" fan de Nederlânske literatuer fan nei de oarloch rekkene, wêr't ek Willem Frederik Hermans en Gerard Reve by hearre. Mulisch wûn in grut tal literêre prizen, lykas de Priis fan de Nederlânske Letteren en de P.C. Hooft-priis, beide foar syn hiele oeuvre. De ontdekking van de hemel waard 2007 útroppen ta it bêste Nederlânskstalige boek fan alle tiden. Yn oktober 2010 stoar de auteur yn 'e âldens fan 83 jier oan kanker.

Wichtige skriuwersprestaasjes Harry Mulisch hat in grut tal ferneamde en nei oare talen oersette boeken skreaun, wêrfan't der ek in protte in priis wûn haw, hjir in gronologyske list dêrfan:

1951 – Reina Prinsen Geerligspriis foar Archibald Strohalm 1957 – Bijenkorf-literatuerpriis foar Het zwarte licht 1957 – Anne Frank-priis foar archibald strohalm 1961 – Athos-priis foar syn hiele oeuvre 1961 – ANV-Visser Neerlandia-priis foar Tanchelijn 1963 – Vijverbergpriis foar De zaak 40/61 1977 – Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre 1977 – Cestoda-priis 1977 – P.C. Hooft-priis foar syn hiele oeuvre 1986 – Diepzee-priis foar De aanslag 1993 – Multatulipriis foar De ontdekking van de hemel 1993 – Mekka-priis foar De ontdekking van de hemel 1995 – Priis fan 'e Nederlânske Letteren foar syn hiele oeuvre 1999 – Libris Literatuer Priis foar De procedure 1999 – Prix Jean Monnet de Littérature Européenne foar De ontdekking van de hemel 2003 – De Inktaap foar Siegfried 2007 – Prix européen des jeunes lecteurs foar Siegfried 2007 – Earedoktoraat oan 'e Universiteit fan Amsterdam 2007 – Italjaanske Nonino-priis foar literatuer 2007 – Bêste Nederlânske roman ea foar De ontdekking van de hemel 2009 – Gouden Eeuw Award foar syn hiele oeuvre

Keppeling om utens Hiemside Harry Mulisch Literatuurplein.nl NRCboeken.nl Uitgeverijarchipel.nl ferhâlding mei Kitty Saal (1956) (op archive.org) Trouw.nl biografy

Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Tsjechysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan fan Sudetendútsk komôf Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2010