Jacob Potma (Warkum, 1610 - München, 27 juny 1704) wie in keunstskilder fan Frysk komôf.

Neffens Houbraken kaam Potma fan Warkum en wie er learling fan Wybrand de Geest. Hy lei him ta op histoarjestikken. Neffens Immerzeel is er stoarn yn Wenen yn 1684, neffens Descamps doe't er ûnderweis wie nei dy stêd. Hy wie doe 74 jier. Nagler seit lykwols dat er yn 1690 noch in alterstik foar de tsjerke yn Pfreimdt (Beieren) makke hat.

Syn namme wurdt ek wol stavere as Bodma, Pottma en Pohmar.

Keppeling om utens Potma op Artnet

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Dútsk keunstskilder Kategory:Dútsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Warkum Kategory:Persoan berne yn 1610 Kategory:Persoan stoarn yn 1704