It dûkerke (Tachybaptus ruficollis) is in fûgelsoarte yn it skaai fan 'e dûkerkes (Tachybaptus). It dûkerke hjit yn it Frysk ek wol earsfuttel, earsfutteler of lytse ieldûker.
Beskriuwing It dûkerke is in knobske dûker mei in tige koarte, rjochte snaffel en in frij koarte hals. De fearren op it efterein binne opfallend dûnzich. Yn it simmerkleed is er foar it meastepart donkerbrún, mei readbrune wangen en hals en in opfallend wytgiel plak oan 'e basis fan 'e snaffel. Yn it winterkleed is de boppekant donkerbrún, wylst de wangen, sydflanken, hals en ûnderkant ljochtbrún oant bêzje binne, mei in wyt halsplak. Mei 23 oant 29 sm is it yn Jeropa it lytste lid fan 'e famylje fan de dûkerfûgels.
In juvenyl liket op 'e folwoeksen fûgel yn it winterkleed, mar mei koarte donkere streken efter en ûnder it each en in gielrôze plak by de basis fan 'e snaffel.
Ofbylden
Fersprieding en taksonomy It dûkerke komt yn hast hiel Jeropa foar, fan 'e Middellânske See-lannen nei it noarden ta oant Súd-Sweden, yn hiel Afrika útsein de Sahara, op Madagaskar en yn Súd-Aazje, East-Aazje en Súdeast-Aazje, eastlik oant Japan en Nij-Guineä. It dûkerke briedt by ûndjippe binnenwetters mei in tichte begroeiïng oan 'e igge, mei ûnder oare siggen, reid en barchjeblommen. De fûgel komt foar yn swietwettersompen, lytse marren, puollen, brede sleatten, dobben en stadich streamende rivieren, mar somtiden ek yn fivers, grêften, wetteropslachgebieten en grintgatten.
Winterdeis is it dûkerke benammen te finen op grutter wetter dat net tichtfriest, lykas gruttere marren en rivieren en smoute gebieten by de kust. Yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet is it dûkerke foaral in stânfûgel, mar yn East-Jeropa en West- en Noardeast-Aazje is it in trekfûgel. De Eastjeropeeske fûgels oerwinterje yn Súdeast-Jeropa en Turkije.
Der wurde tsien ûndersoarten erkend mei de folgjende fersprieding:
T. r. ruficollis: fan Jeropa oant it Oeralberchtme en noardwestlik Afrika. T. r. albescens: fan 'e Kaukasus oant Birma en Sry Lanka. T. r. iraquensis: Irak en súdwestlik Iran. T. r. capensis: Afrika besuden de Sahara en Madagaskar. T. r. poggei: fan noardeastlik oant súdeastlik Aazje, de Koerilen, Japan en Taiwan. T. r. philippensis: de Filipinen, útsein Mindanao. T. r. cotabato: Mindanao. T. r. vulcanorum: fan Java oant Tanimbar. T. r. tricolor: fan Sulawesi oant Nij-Guineä en de Lytse Sûnda-eilannen. T. r. collaris: fan noardeastlik Nij-Guineä oant Bougainville yn 'e noardlike Salomonseilannen.
Nederlân thumb|left|Dûkerke yn briedkleed mei iepen wjukken. Yn Nederlân komt de fûgel net in hiel soad foar. It tal briedpearkes wurdt op sa'n 2.100 oant 3.000 briedpearkes rûsd (2018-2020). De soarte ûntbrekt allinnich yn 'e alderdrûchste gebieten, lykas op 'e Feluwe. Oer it generaal is it dûkerke in stânfûgel, mar by strange winters sykje se iisfrij wetter op. Dan binne se benammen te finen yn it brakwetter fan 'e Siuwske delta.
It dûkerke is in skouwe soarte, dy't him faak ferberget yn 'e begroeiïng oan 'e igge en dêrtroch selden te sjen is. By gefaar fleant it dûkerke net fuort. It dûkt leaver ûnder wetter, wêrby't allinnich de kop noch boppe it wetter útkomt, of rint fuort nei de begroeiïng oan 'e igge.
It dûkerke libbet solitêr of yn pearen. Winterdeis en yn 'e rui binne se soms yn lytse groepkes fan maksimaal tritich fûgels te finen. Yn 'e briedtiid is it mantsje agressyf tsjin rivalen. It fleant dan leech oer it wetter nei de oare fûgel ta, wylst it lûd ropt, om dêrnei te dûken en wetter omheech te spatten.
Ekology Iten It dûkerke fangt syn iten ûnder wetter en dûkt nei wetterynsekten en larven, wêrûnder útstrûpers, stienmiggen, wetterwantsen, wetterkrobben en libellen, en dêrnjonken ek lytse slakken, lytse kreefteftigen, lytse amfibyen en kikkertfiskjes en soms lytse fisken, lykas toarnderkes of jonge fisken. Yn 'e briedtiid foarmje ynsekten it grutste part fan it dieet.
It dûkerke is in poerbêste dûker, dy't by it jeien langer as in heale minút ûnder wetter bliuwe kin. De proai wurdt op it each fûn. Om de foarming fan braakballen te befoarderjen, slokt it dûkerke fearkes yn. Sa wurde bonkjes en oar ûnfertarber materiaal útkoarre.
Briedgedrach Dûkerkes bliuwe nei alle gedachten in hiele libben as pear byinoar. De briedtiid duorret fan april oant july. By de balts set it mantsje syn fearren op. It pikt mei de snaffel yn it wetter en spat mei de poaten wetter omheech. Dêrnei lit it pear tegearre de karakteristike bybybyby-rop hearre.
It mantsje en it wyfke bouwe tegearre in driuwend nêst fan farske en ferrotte plantendielen, dat ûnder of boppe it wetter oan 'e begroeiïng oan 'e igge fêstmakke wurdt. It lechsel bestiet út fjouwer oant seis aaien (somtiden ien oant acht). Dy binne earst wyt, mar krije letter troch it nêstmateriaal in brúnere kleur. De âlden wikselje inoar ôf by it brieden, dat 19–25 dagen duorret. It mantsje is yn dy tiid tige agressyf tsjin oare wetterfûgels. By it wikseljen fan 'e briedtaak komt de âlder ûnder wetter nei it nêst ta. Meastentiids bringt er nij nêstmateriaal mei. As it nêst ferlitten wurdt, wurde de aaien bedutsen.
De jongen binne nêstflechters en kinne fuortendaliks sels iten fine. Om te rêsten krûpe de jongen op 'e rêch fan 'e âlden. It nêst bliuwt ek as rêstplak foar de âlden en de jongen yn gebrûk. Nei 44–48 dagen kinne de jongen fleane en binne se selsstannich. As iennichste Jeropeeske dûkers kinne dûkerkes alle jierren twa, en bytiden trije, lechsels hawwe.
Ofbylden
Bedriging en beskerming It dûkerke hat in grut ferspriedingsgebiet. De hiele wrâldpopulaasje waard yn 2021 op 384.000 oant 2.350.000 folwoeken fûgels rûsd. De soarte wurdt troch de IUCN dan ek net as bedrige beskôge. Dochs lit de soarte in ôfnimmende trend sjen, benammen yn West-Jeropa.
In wichtige oarsaak is de efterútgong fan 'e wetterkwaliteit. Om't it dûkerke ôfhinklik is fan wetterynsekten, dy't er op it each fine moat, kin hy allinnich oerlibje yn helder, skjin wetter. Ek fernieling fan begroeiïng oan 'e igge soarget foar swierrichheden.
Troch ferbettering fan 'e wetterkwaliteit en natuerûntwikkeling is it tal dûkerkes yn Nederlân sûnt 1990 mei likernôch de helte tanommen. De populaasje kin frij sterk skommelje, mar is sûnt 2007 min ofte mear stabyl (gegevens oant 2019).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkerke Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda