thumb|Bjørnstjerne Bjørnson (1909) thumb|300px|Bjørnson en syn frou Karoline (1908) Bjørnstjerne Bjørnson (Kvikne (Tynset, Hedmark), 8 desimber 1832 – Parys, 26 april 1910) wie in Noarske skriuwer, sjoernalist en politikus. Yn 1903 ûntfong Bjørnson de Nobelpriis foar de Literatuer. Hy is ek de auteur fan de tekst fan it Noarske folksliet Ja, vi elsker dette landet. Mei Henrik Ibsen, Jonas Lie en Alexander Kielland wurdt er rekkene ta de Grutte Fjouwer fan de Noarske letterkunde.

Yn 1857 publisearre Bjørnson Synnøve Solbakken, de earste fan syn boereromans. Yn 1858 waard dy folge troch Arne, yn 1860 troch En glad Gut ('In blide jonge'), en yn 1868 troch Fiskerjenten ('It fiskersfanke'). Dat binne de wichtichste fertsjintwurdigers fan syn boereferhalen, de bonde-fortellinger. (A biographical essay, 1910, troch William Morton Payne, oersetter fan ferskillend wurk fan Bjørnson.)

Betiid wurk Bjørnson woe graach sêgen út it eachpunt fan boeren wei skriuwe, dy't de foarm fan nasjonale drama's krije moasten, saneamde folke-stykker. De earste dêrfan wie in ien-akter dy't him yn de 12e iuw ôfspile, Mellem Slagene (Tusken de slaggen), skreaun yn 1855 en útbrocht yn 1857. Hy waard foaral beynfloede troch de stúdzje fan Jens Immanuel Baggesen en Adam Gottlob Oehlenschläger by dit stik, skipe by in besite oan Kopenhagen. Mellem Slagene waard folge troch Halte-Hulda (Lamme Hulda) yn 1858, en Kong Sverre (Kening Sverre) yn 1861. Syn wichtichste wurk oant doe ta wie de politike trilogy Sigurd Slembe (Sigurd de Minne), útbrocht yn 1862

Bjørnson's hûshâlding Bjørnson wie de soan fan dûmny Peder Bjørnson en Inger Elise Nordraach. Hy boaske Karoline Reimers (1835-1934) yn 1858. Sy krigen seis bern, dêr't fiif fan folwoeksen waarden: Bjørn Bjørnson (1859–1942) Einar Bjørnson (1864–1942) Erling Bjørnson (1868–1959) Bergliot Bjørnson (1869–1953) Dagny Bjørnson (1871–1872) Dagny Bjørnson (1876–1974)

Wurk thumb|Stânbyld fan Bjørnson foar it Nationaltheatret yn Oslo Mellem Slagene, ('Tusken de slaggen troch') sêge drama, 1857 Synnøve Solbakken, boereferhaal, 1857 Arne, 1859 En glad Gut, ('In blide jonge) 1860 Halte-Hulda, ('Lamme Hulda') 1858 Kong Sverre, (Kening Sverre) 1861 Sigurd Slembe, ('Sigurd de Minne') 1862 Maria Stuart i Skotland, ('Mary Stuart yn Skotlân') 1863 De Nygifte, ('De nij-trouden') 1865 Fiskerjenten, 1868 Arnljot Gelline, epyske rige 1870 Digte og Sange, ('Gedichten en sangen') 1880 Brudeslåtten, boereferhaal, 1872 Sigurd Jorsalafar, sêge drama, 1872 En fallit, ('De falliten ') drama, 1875 Redaktøren, ('De redakteur') drama, 1875 Kaptejn Mansana, (Kaptein Mansana) roman, 1875 Kongen, ('De kening') 1877 Magnhild, 1877 Det ny system, ('It nije systeem') 1879 Leonarda, 1879 En hanske , 1883 Støv, 1882 Over ævne, første stykke, ('De minsklike macht te boppe - I') 1883 Det flager i byen og på havnen, 1884 På guds veje, ('Op God syn wize ') 1889 Fred, oratoarium, 1891 Over oevne, annet stykke, ('De minsklike macht te boppe - II') 1895 Paul Lange og Tora Parsberg, 1898 Daglannet, 1904 Når den ny vin blomstrer, ('At de nije wyn bloeit') 1909 Norges Vel, kantate, 1909

Keppeling om utens Nobelpriisbiografy.

Kategory:Noarsk toanielskriuwer Kategory:Noarsk romanskriuwer Kategory:Noarsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Noarsk lietsjeskriuwer Kategory:Noarsk sjoernalist Kategory:Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer Kategory:Persoan berne yn 1832 Kategory:Persoan stoarn yn 1910