thumb|right|Alexander Kielland Alexander Lange Kielland (Stavanger, 18 febrewaris 1849 - Bergen, 6 april 1906) wie in Noarsk skriuwer dy't mei Henrik Ibsen, Jonas Lie en Bjørnstjerne Bjørnson rekkene wurdt ta de Grutte fjouwer fan de Noarske literatuer.
Kielland kaam út in begoedige keapmanshûshâlding. Sels soe er him it lot fan de earmen syn hiele libben oanlûke, hoewol't er direkteur fan in stienfabryk wie en net wist wat earmoed wie. As direkteur behannele er syn arbeiders goed. Syn wurk wie tige realistysk. Om 1890 hinne joech er de skriuwerij deroan en sette útein mei in twadde karriêre yn de polityk. Hy waard earst boargemaster fan Stavanger en letter Fylkesmann fan de provinsje Møre og Romsdal.
Wurk Koarte ferhalen Novelletter, 1879 Nye novelletter, 1880 To Novelletter fra Danmark, 1882 Romans Garman & Worse, 1880 - Arbeidsfolk, 1881 Else, 1881 Skipper Worse, 1882 Gift, 1883 Fortuna, 1884 Sne, 1886 Sankt Hans Fest, 1887 Jacob, 1891
Toanielstikken Paa Hjemvejen, 1878 Hans Majestæts Foged, 1880 Det hele er Ingenting, 1880 Tre par, 1886 Bettys Formynder, 1887 Professoren, 1888 Essays Forsvarssagen, 1890 Menneker og Dyr, 1891 Omkring Napoleon, 1905
Kategory:Noarsk romanskriuwer Kategory:Noarsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Noarsk toanielskriuwer Kategory:Noarsk essayist Kategory:Noarsk sjoernalist Kategory:Noarsk politikus Kategory:Noarsk provinsjaal gûverneur Kategory:Persoan berne yn 1849 Kategory:Persoan stoarn yn 1906