Imedaam is in buorskip by Molkwar yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oarspronklik wie er de stripe lân tusken Geau en Flait yn Himmelumer Aldefurd. Nei drûchmakking fan Flait kaam dêr in gemaal. Imedaam hie wat fabrykjes, ûnder oare de iikmealderij dy't de Gaasterlânske bast ferwurke.

Kategory:Molkwar Kategory:Buorskip yn Himmelumer Aldefurd Kategory:Buorskip yn Nijefurd Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân