thumb|250px|Skiereilân Jutlân is in skiereilân yn Noard-Europa. It noardlik part heart ta Denemark, it súdlik diel ta Sleeswyk-Holstein.
Namme De namme Jutlân komt fan de Juten, in Germaanske stam. Sy teagen yn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren mei de Angelen, Friezen en Saksen nei Grut-Brittanje.
De Latynske namme foar Jutlân is Jutlandia.
De Grykske geograaf Ptolemaeus neamde Jutlân nei de stam fan de Kimbren. It kin goed wêze dat Ptolemaeus dy namme net brûkte foar it skiereilân, mar foar in baai.
Grins Jutlân wurdt begrinzge troch de Noardsee yn it westen en de Eastsee yn it easten.
Der binne ferskillende kritearia foar de súdgrins: De steatsgrins tusken Denemark en Dútslân. Dat is ek de grins tusken Noard-Sleeswyk en Súd-Sleeswyk; De súdgrins fan Sleeswyk, dêr't de rivier de Eider streamt; Somtiden wurdt it histoaryske gebiet Holstein ek ta Jutlân rekkene.
Bestjoerlike yndieling Ta it Deenske part fan Jutlân wurde trije fan de fiif Deenske regio's rekkene: Nordjylland Midtjylland Syddanmark
De dielsteat Sleeswyk-Holstein beslacht it Dútske part fan it skiereilân.
Kategory:Skiereilân yn Denemark Kategory:Geografy fan Sleeswyk-Holstein Kategory:Skiereilân yn Dútslân