thumb|J. Liemburg (1997) Johanneke Liemburg (Terwispel, 19 july 1952) wie boargemaster fan de gemeente Littenseradiel fan 2000 oant 1 jannewaris 2018. Hja is lid fan de Partij fan de Arbeid fan 1973 ôf. Sy wie lid fan de Twadde Keamer fan 17 maaie 1994 oant 19 maaie 1998. Dêr wie hja wurdfierder foar ûnderwiis fan de PvdA-fraksje, lid fan de fêste Keamerkommisjes foar finansjen en foar ûnderwiis, kultuer en wittenskippen.

Nei de tiid yn de Keamer wie Johanneke Liemburg boargemaster fan Littenseradiel en sette hja har ta wenjen yn Wommels.

Oplieding Politikology: bestjoerlike rjochting, Universiteit fan Amsterdam, fan 1973 oant 1981.

Persoanlik Se is troud mei Pieter de Groot en mem fan twa bern. Yn 2010 ferskynde fan 'e hân fan Liemburg de biografy Fedde Schurer (1898-1968): Biografie van een Friese Koerier.

Keppelings om utens Johanneke Liemburg

Kategory:Frysk politikolooch Kategory:Frysk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Boargemaster fan Littenseradiel Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Persoan berne yn Terwispel Kategory:Persoan berne yn 1952