Jan Steffen Bartstra (Westerbork, 30 juny 1887 - Haarlim, 19 novimber 1962) wie in Nederlânsk histoarikus.

Bartstra, soan fan predikant Steffen Bartstra, gie nei it gymnasium yn Snits, dêr't er aktyf dielnaam oan it ferieningslibben en warber wie mei propaganda op it mêd fan drankbestriding en it religieus sosjalisme. Hy studearre Nederlânske Letteren te Leien. Nei it doktoraal eksamen yn 1912 soe er by C.H.Th. Bussemaker promovearje, mar Bussemaker stoar yn 1914. Yn 1913 wurdt er learaar oan it gymnasium te Skiedam.

By Brugmans, heechlearaar oan de Universiteit te Amsterdam, promovearret er yn 1928. Yn 1938 wurdt er troch it kuratoarium op it twadde plak set foar de learstoel algemiene skiednis oan de Universiteit fan Amsterdam; yn 1939 wegeret er dy foar heitelânske skiednis.

Yn 1950 krijt er de Priis foar Masterskip fan de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde en yn 1952 wurdt hy beneamd ta lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen, (KNAW).

Bartstra's iennige soan, J. S. Bartstra jr. waard ek histoarikus, mar kaam al yn 1961 te ferstjerren.

Keppeling om utens Biografy, mei bibliografy, fan Bartstra yn it Biografysk Wurdboek fan Nederlân

Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk letterkundige Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1962