Lolke Hulshuis (doopt op 29 augustus 1714 yn Ljouwert) wie in soan fan gritenijsiktaris fan Westdongeradiel Claes Jilles Hulshuis út Holwert en Boukje Lolkes Hommema (fan Jelsum).
Lolke rekke behelle yn it pachtersoproer yn de Dongeradielen. Hy waard mei 20 oaren feroardiele en moast útwike nei Dútslân (Hamburch) en meunstere dêr yn 1756 oan by de VOC op de Gustaaf Willem fan de VOC-keamer Seelân. Hjiroer giet in nijsgjirrich reissjoernaal út 1749 dat bewarre wurdt by it argyf fan it Frysk Genoatskip.
Kategory:Frysk opstanneling Kategory:Frysk krimineel Kategory:Frysk balling Kategory:Frysk reisferhaleskriuwer Kategory:Persoan berne yn Holwert Kategory:Persoan berne yn 1714 Kategory:Persoan stoarn yn 1772