Teatse Eeltsje Holtrop, ek wol Teerdze Eeltje Holtrop (Drylts, 27 desimber 1865 - dêre, 11 novimber 1925) wie in Frysk ûnderwizer, skriuwer en oersetter.

Libben en karriêre Holtrop hie in iensum, ûnmaatskiplik en troch dranksucht teistere libben. Hy wie in folksskriuwer mei satiryske trekjes en krige bekendheid troch syn novelle De Wylde Boerinne (1915), wêrfan't de bekroande Nederlânske oersetting yn De Gids fan jannewaris 1925 ferskynde. Treflik binne syn Shakespeare-oersettings Hamlet (1925) en Julius Caesar (1928). Fierders skreau er, foar in part ûnder de skûlnamme Gerben Goasses, foardrachten, puntdichten en inkele toanielstikken, mei dêrûnder In Faam mei Fjouwer Frijers (1913). In blomlêzing út syn wurk waard yn 1946 publisearre ûnder de titel Ynbannich Forwar, fersoarge en ynlaat troch Jan Tjittes Piebenga.

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Persoan berne yn Drylts Kategory:Persoan stoarn yn Drylts Kategory:Persoan berne yn 1865 Kategory:Persoan stoarn yn 1925 Kategory:Shakespeare