De Fryske Music Night is in Frysk muzykbarren dat sûnt 2006 elts jier yn it WTC Expo yn Ljouwert hâlden wurdt.
By it evenemint trede in soad Fryske artysten op, sa hawwe De Kast, Piter Wilkens, Griet Wiersma, Rients Gratama en Gurbe Douwstra optredens jûn by it evenemint. Mar ek sjongers fan bûten Fryslân jouwe optredens, bygelyks Rob de Nijs, Henk Westbroek, Xander en Lee Towers.
Prizen Alle jierren wurde der twa prizen takend. Foar de meast opfallende persoan of selskip is der de Sport- en Kultueraward. Dêrneist wurdt de Oeuvre-award útrikt foar immens heule wurk.
Sport- en Kultueraward 2006: Foppe de Haan 2007: Epke Zonderland 2008: Sven Kramer
Oeuvre-award 2006: Riemer van der Velde 2007: Henk Kroes 2008: Rintje Ritsma
Keppeling om uten Hiemside fan de Fryske Music Night
Kategory:Muzykfestival yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2006