Oebele Vries (Westergeast, 19 maaie 1947)Oebele Vries, Digitale Bibleteek foar Nederlânske Letteren is in wittenskipper en âld-universitêr dosint oan de Ryksuniversiteit Grins, hy joech dêr les oan de Stúdzje Fryske Taal en Kultuer.

Yn 1990 publisearre er it wurk Het Strafkamp voor Nederlanders in Wilhelmshaven: Dagboek en Herinneringen Januari-Mei 1945, oer it konsintraasjekamp by it Dútske Wilhelmshaven, dêr't yn 'e Twadde Wrâldoarloch in protte lju út Fryslân en de rest fan Noard-Nederlân finzenset waarden. Yn 1999 makke en presintearre Vries fierders in dokumintêresearje foar Omrop Fryslân oer West-, East- en Noard-Fryslân, mei as titel It Oare Fryslân.

Yn 2009 kaam De Vries yn it nijs troch it ûntdekken fan it Stellingwerfske Lânrjocht yn it gemeente-argyf fan Arnhim. Ek yn 2009 krige De Vries de dr. Joast Halbertsmapriis, foar syn wurk op it mêd fan de Fryske skiednis, de Fryske taalskiednis en de Aldfryske filology.Oebele Vries wint de dr. Joast Halbertsmapriis, Frysk Deiblêd

Op 25 maaie 2012 naam Vries ôfskie fan de Universiteit fan Grins en gie mei pinsjoen. By syn ôfskie waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Wurk Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid, proefskrift. Uitgeverij De Tille-Leeuwarden, 1986 Het Strafkamp voor Nederlanders in Wilhelmshaven: Dagboek en Herinneringen Januari-Mei 1945, Assen, 1990 (ISBN 9 07 19 18 270). Asega is it dingtiid?, De hichtepunten fan de Aldfryske tekstoerlevering, Utjouwerij Bornmeer, 2007 Boer Gerben Feitsma, portret fan in Frysk NSB-boargemaster, Utjouwerij Bornmeer, 2008 Bernardus Bucho Aytta fan Swichum, Utjouwerij Bornmeer, 2009. De taal van recht en vrijheid, stúdzjes oer midsiuwsk Fryslân. Utjouwerij Bornmeer, 2012. Ferdban. Oudfriese oorkonden en hun verhaal. Utjouwerij Noordboek, 2021. In ekstremist út Westergeast. Jan Bartele Vries, syn libbensgong, syn tinkwrâld. Utjouwerij Bornmeer, 2023.

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk programmamakker Kategory:Frysk telefyzjepresintator Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn Westergeast (Kollumerlân) Kategory:Persoan berne yn 1947