thumb|Selsportret, oaljeferve op doek, ± 1910 Aksel Waldemar Johannesen (* 1880 yn Oslo; † 25 oktober 1922 dêre) wie in noarske grafikus, byldhouwer en keunstskilder fan it ekspresjonisme.

Aksel Waldemar Johannesen waard grutbrocht yn in earme wenwyk fan Hammersborg, in wyk fan Oslo. Hy folge in keunstoplieding by Lars Utne ta byldhouwer. Yn 1907 troude Johannesen mei Anna Nilsen; sy krigen twa dochters. Yn 1910 ferfarren sy nei Gjøvik, dêr't Johannesen oan 't wurk gie as houtfiker en meubelûntwerper. Dêrnei gie er mei syn hûshâlding werom nei Oslo en sette er útein mei skilderjen. Hy makke realistyske en sosjaal-krityske keunst. Yn 1921 waard er by syn frou kanker fêststeld en Aksel Waldemar rekke hoe langer hoe mear oan de alkohol, dêr't syn sûnens net better fan waard. Aksel Waldemar Johannessen stoar oan de gefolgen fan longûntstekking.

Keppelings om utens Aksel Waldemar Johannessen: The rediscovery of a great artist Artikel yn Aftenposten oer Aksel Waldemar Johannessen Aftenposten: - Burde hatt bilder

Kategory:Noarsk keunstskilder Kategory:Noarsk grafikus Kategory:Noarsk byldhouwer Kategory:Persoan berne yn 1880 Kategory:Persoan stoarn yn 1922