thumb|175px|Manlju mei ivoaren slachtosken foar de hannel, Dar es Salaam, ±1900. Ivoar is it wite, hurde materiaal fan toskbien, fan de oaljefant, nylhoars en fan de útstoarne mammoet, of fan seebisten lykas de walrus en de narwal.
Ivoar wurdt fanâlds brûkt foar it meitsjen fan (keunst)foarwerpen. Ivoar is ek de namme foar de brutsen wite kleur fan ivoar.
De jacht op ivoar hat de oaljefant hast útrûge. Nei't dat ynsjoen wie, waard it jeien fan oaljefanten ferbean, mar it tal bisten naam earst wer ta doe't ek it yllegale jeien fermindere mei't yn 1989 alle hannel yn ivoar ferbean waard.
Komôf fan it wurd It wurd ivoar is fia it Frânsk (ivoire) en it Latyn (ebur) nei alle wierskyn ôflaat fan in Afrikaanske taal.https://www.etymologiebank.nl/trefwoord/ivoorElp wie yn de midsiuwen it wurd foar oaljefant, ûntliend oan it Latynske elephas (genityf: elephantis), dat wer fan it Gryske elephas (oaljefant) komt.https://www.etymologiebank.nl/trefwoord/elp
Keppelings om utens Wrâld Natoer Fûns, Bedrigings en oplossings DNA-test tsjin ivoarhannel (kennislink.nl)
Kategory:Byldhoukeunst Kategory:Sûchdier Kategory:Natuerlik materiaal Kategory:Lienwurd út it Frânsk