Jappe Jacob Nilssen (25 jannewaris 1870, Kristiana - 1931) wie in Noarsk skriuwer en keunstkritikus. Hy hat romans en novellen publisearre, mar waard fral bekend troch syn keunstkritiken yn deiblêden, dêr't er fan 1908 oant syn dea oan ferbûn wie. Hy wie de ûntdekker en freon fan Edvard Munch en kaam op foar dy syn keunst.

Libben Nilssen rekke al op jonge jierren as sjoernalist belutsen by de keunstnersrûnte yn Kristiania. Hy hie kunde oan ûnder oaren skilder Edvard Munch, sjoernalist Haakon Nyhuus, skriuwer Gunnar Heiberg, de anargist Hans Jæger en skilder Christian Krohg. Yn dizze bohemine-rûnten (ek wol "Kristiania-bohemen") hiene jin foar dy tiid frijwat frijfochten ideeën , ûnder oare op it mêd fan de "frije leafde". Yn 1890 krige Nilssen in relaasje mei de tsien jier âldere Oda Krohg, de oare helte fan Christian, dy't in protte opskuor joech. Yn de simmer fan 1891 hâlde er mei har ta yn it kustplak Åsgårdstrand. Oda Krohg hold Nilssen lykwols hieltyd oan it lyntsje en folgde lang om let har man itselde jier nei Berlyn, wat Nilssen in protte fertriet die. De brutsen Nilssen waard troch Edvard Munch feriuwege yn in rige skilderijen mei de titel Melankoli (1891-1896). Munch soe Nilssen ek letter noch ferskate kearen portrettearje.

Nilssens namme hie yn Noarwegen fral klank as keunstkritikus, fan 1908 ôf by de foaroansteande krante Dagbladet. Hy gou as in sterk pleiter fan Munch syn keunst. Yn 1909 organisearre er de earste grutte oersjochtentoanstelling fan syn wurk yn Kristiania, by de Nasjonalgalleriet, tegearre mei de direkteur fan it museum.

As literêr skriuwer publisearre Nilssen twa romans en in tal boeken mei koarte ferhalen.

Wurk Nemesis (1896) - roman Solefald (1903) - roman Kun én gang vaar (1904) - novelle Den gamle historie (1905) - novellesamling Faderglæde (1911) - novellesamling

Keppelings om utens Nilssen op webstee Universiteit Oslo Nilssen op Store Norske Leksikon Ynformaasje op Emunch.no Oer Munchs Melankoli en de ferhâlding Nilssen en Krohg

Kategory:Noarsk romanskriuwer Kategory:Noarsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Noarsk keunstkritikus Kategory:Persoan berne yn 1870 Kategory:Persoan stoarn yn 1931