thumb|Thumbnail Panamalaan, Amsterdam|Gedicht Gerrit Kouwenaar; foarmjouwing Kees Nieuwenhuijzen. Panamalaan, Amsterdam. Gerrit Kouwenaar (Amsterdam, 9 augustus 1923 – dêre, 4 septimber 2014) wie in Nederlânsk dichter en proazaskriuwer.
Biografy Kouwenaar debutearre yn de Twadde Wrâldkriich mei in oantal klandestine útjeften, dêr't Vroege voorjaarsdag ûnder wie. Hy skreau yn dy jierren foar it kommunistyske fersetsblêd De Waarheid en nei de befrijing foar Het Vrije Volk.
Hy wie ferbûn oan it tydskrift Reflex en krige kontakt mei de Eksperimintele Groep Hollân en letter mei it eksperimintele keunstnersselskip Kobra. Yn 1949 publisearre er mei de Kobra-skilder Constant Goede morgen haan, in kombinaasje fan gedichten en tekeningen (Peinture-mots). Hy wie yn 't earstoan in mear sosjaal en polityk engazjearre eksperimintele dichter, letter is syn wurk mear rjochte op it taalgebrûk yn de poezij. Kouwenaar stribbet nei poëzij dy't autonoam is en foar himsels sprekt. Kouwenaar makke ek in protte oersettings fan toanielstikken û.o. fan Brecht, Dürrenmatt, Hochhuth, Weiss, Kroetz, Sartre, Tennessee Williams, Stoppard, Osborne en Pinter.
Prizen 1958 - Poëzypriis fan de gemeente Amsterdam foar De mensen zijn geen goden 1961 - Poëzypriis fan de gemeente Amsterdam foar Zou een hand 1962 - Jan Campertpriis foar De stem op de 3e etage 1963 - Poëzypriis fan de gemeente Amsterdam foar Zonder namen 1967 - Henriette Roland Holst-priis foar syn hiele oeuvre 1967 - Martinus Nijhoffpriis foar syn toanieloersettings 1970 - P.C. Hooft-priis foar syn hiele oeuvre 1989 - Priis fan de Nederlânske Letteren foar syn hiele oeuvre 1997 - VSB Poëzypriis foar De tijd staat open 2004 - Karel Van de Woestijnepriis foar Totaal witte kamer 2009 - Priis foar Masterskip fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde
Bibliografy 1941 - Vroege voorjaarsdag 1946 - Uren en sigaretten (twa novellen) 1949 - Goede morgen haan (gedichten) 1950 - Negentien-nu (roman) 1951 - Ik was geen soldaat (roman) 1953 - Achter een woord (gedichten) 1955 - Vijf 5-tigers (karlêzing) 1956 - Hand o.a. (gedichten) 1956 - Val, bom (proza) (nije ferzje yn 1963) 1957 - De ondoordringbare landkaart 1958 - Het gebruik van woorden 1960 - De stem op de 3e etage (gedichten) 1960 - Gedichten 1960 (gedichten) 1961 - Weg verdwenen (gedichten) 1962 - Zonder kleuren (gedichten) 1962 - Zonder namen (gedichten) (nije ferzje yn 1965) 1964 - Sinaia (gedichten) 1964 - St. Helena komt later 1965 - Autopsie/anoniem (gedichten) 1969 - Honderd gedichten (gedichten) 1971 - Data/decors (gedichten) 1974 - Landschappen en andere gebeurtenissen (gedichten) 1978 - Volledig volmaakte oneetbare perzik (gedichten) 1982 - Gedichten 1948-1978 (gedichten) 1982 - Het blindst van de vlek 1987 - Het ogenblik: terwijl 1989 - Een eter in het najaar 1991 - Een geur van verbrande veren 1993 - Er is geen elders waar het anders is 1996 - De tijd staat open 1998 - Een glas om te breken 1998 - Helder maar grijzer 2002 - Totaal witte kamer''' 2005 - Het bezit van een ruïne 2008 - Vallende stilte (in kar út eigen wurk)
Literatuer Franssen, Gaston (2008). Gerrit Kouwenaar en de politiek van het lezen. Vantilt, Nimwegen. 214 s. ISBN 978-907-750-393-5. Ook versch. als proefschrift Utrecht. Oer de ûntfangst fan syn wurk. Sötemann, A.L. (1998). Verzen als leeftocht : over Gerrit Kouwenaar. Historische Uitgeverij, Grins. 159 s. ISBN 90-6554-374-0. Kusters, Wiel (1986). De killer : over poëzie en poëtica van Gerrit Kouwenaar. Querido, Amsterdam. 276 s., 8 p. pl. ISBN 90-214-7210-4 en ISBN 90-214-7209-0 (bûn). Ek ferskynt as proefskrift Utert. Strieleman, Frans, ... e.o. (einred.) (1979). Gerrit Kouwenaar nummer''. Stichting De Vlaamse Gids, Antwerpen. 98 s. (De Vlaamse gids, jrg.(1963) nr.5.)
Keppeling om utens Keninklike Bibleteek - profyl Gerrit Kouwenaar
Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk keunstkritikus Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 2014