Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Letlân fiert de euro yn as muntienheid. 1 - Mei de opmars fan 'e troepen fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn noardlik Irak brekt de Iraakske Boargeroarloch út. 1 - By in gemeentlike weryndieling yn Fryslân wurde de gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân gearfoege ta de nije gemeente De Fryske Marren. Tagelyk wurdt ek de gemeente Boarnsterhim opheft; it grûngebiet dêrfan wurdt ferdield ûnder Ljouwert, Súdwest-Fryslân, It Hearrenfean en De Fryske Marren. 1 - Yn Nederlân giet de minimumleeftyd foar jongerein om alkohol drinke te meien omheech fan 16 nei 18 jier. 19 - By in bomoanslach troch de Taliban op in Pakistaansk militêr konfoai komme yn 'e stêd Bannu 26 soldaten om en reitsje 38 oaren ferwûne.

febrewaris 7-23 - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Sotsji, yn Ruslân. 13 - Belgje legalisearret as earste lân fan 'e wrâld eutanasy foar terminaal sike bern. 18 - De Fryske hurdrider Jorrit Bergsma wint de tsien kilometer op 'e Olympyske Winterspullen yn Sotsji. 21 - By de Oekraynske Revolúsje moat de korrupte, pro-Russyske presidint Viktor Janûkovitsj de wyk nimme nei Ruslân. Dat bart nei oanhâldende demonstraasjes dy't Janûkovitsj om 'e nocht besocht hat de kop yndrukke te litten troch loyalistyske feilichheidstroepen. 21 - Yn Ljouwert wurdt it Grut Frysk Diktee wûn troch André Looijenga. 22 - Yn it ramt fan 'e Oekraynske Revolúsje wurdt de nei Ruslân flechte Oekraynske presidint Viktor Janûkovitsj troch it Oekraynske parlemint formeel út syn funksje set. Hy wurdt opfolge troch Oleksandr Toertsjynov. 23 - Op it strân fan it Nederlânske Waadeilân Flylân spielt in libbene bûnte toanhaai (Mustelus asterias) oan. 27 - De Russyske besetting fan de Krim, in diel fan 'e Oekraïne, begjint as swierbewapene Russyske militêren, klaaid yn unifoarmen dy't fan alle emblemen en nammen ûntdien binne, it parlemint fan 'e Krim en oare strategyske posysjes op it skiereilân ynnimme.

maart 4 – It slagget Frânske wittenskippers en bring in 30.000 jier âld reuzefirus, Pithovirus sibericum, út 'e Sibearyske permafrost, wer ta libben. 5 - De Fenezolaanske presidint Nicolás Maduro ferbrekt alle diplomatike betrekkings mei buorlân Panama, dat er derfan beskuldiget belutsen te wêzen by in gearspanning tsjin syn regear. 6 - It earste ljipaai fan Fryslân wurdt troch Geert Mooi út Nijetrine fûn by Slikenboarch. 6 - Yn Portegal wurdt in nije dinosaurussoarte ûntdutsen. Mei in lingte fan 10 meter en in gewicht fan nei skatting 4 à 5 ton is de Torvosaurus gurneyi ien fan de gruttere fleisitende dinosauriërs út it Sjuera. 7-16 - De Paralympyske Winterspullen wurde holden yn Sotsji, yn Ruslân. 8 - It ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 370 ferdwynt mei 239 ynsittenden spoarleas boppe de Golf fan Tailân, ûnderweis fan Kuala Lumpur (Maleizje), nei Peking (Sina). Radargegevens wize derop dat de fleanmasine omkeard en nei it suden flein is en wierskynlik yn 'e Súdlike Oseaan delstoart is. Flecht-370 wurdt nea weromfûn, hoewol't nei ferrin fan tiid inkele brokstikken oanspiele op 'e kusten fan Madagaskar en East-Afrika. 8 - Under in tumultueuze ledegearkomste yn it Fryske doarp Heech stapt it folsleine bestjoer fan 'e IFKS op as harren kandidaat foar it foarsitterskip troch de leden fuortstimd wurdt. 13 - Ingelân en Wales fiere it homohoulik yn. 16 - Op it Oekraynske skiereilân de Krim, dat troch Russyske troepen beset is, wurdt in referindum holden dat net iens de skyn fan in frije en demokratyske stimbusgong hat. De troch nimmen yn 'e wrâld behalven Ruslân erkende útkomst is dat in oerweldigjende mearderheid fan 'e befolking foar oansluting fan 'e Krim by Ruslân stimt. 21 - Tsjin alle ynternasjonale ferdraggen yn anneksearret Ruslân it skiereilân de Krim, dat ûnderdiel is fan it grûngebiet fan 'e Oekraïne. 24 - De Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Dútslân, Itaalje, Japan en Kanada skoarje it Russyske lidmaatskip fan 'e G8 op nei oanlieding fan 'e yllegale anneksaasje fan Oekraynsk grûngebiet troch dat lân. 27 - De Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes nimt Resolúsje 68/262 oan, wêryn't it skiereilân de Krim erkent wurdt as yntegraal ûnderdiel fan 'e Oekraïne, en it statusreferindum op de Krim ûnjildich ferklearre wurdt. De yllegaliteit fan 'e Russyske anneksaasje fan de Krim wurdt dêrmei ynternasjonaal fêstlein. 31 - It Ynternasjonaal Gerjochtshôf fan 'e Feriene Naasjes, yn De Haach, docht de útspraak dat de Antarktyske walfiskfeart fan Japan gjin wittenskiplik belang tsjinnet, sa't Japan sels úthâldt, mar in kommersjele ûndernimming is. Dêrom ferbiedt it hôf it útjaan fan fierdere fergunnings op dat mêd.

april 6 - De Donbasoarloch yn 'e eastlike Oekraïne begjint as etnysk Russyske rebellen dêr op oantrún fan en bewapene troch Ruslân úteinsette mei in iepentlike opstân tsjin it regear yn Kiëv. 7 - Op oantrún fan Ruslân ferklearret de eastlike Oekraynske provinsje Donjetsk himsels ûnôfhinklik as de Folksrepublyk Donjetsk. 10 - Yn reäksje op 'e yllegale Russyske anneksaasje fan de Krim ferliest Ruslân yn 'e Ried fan Jeropa syn stimrjocht en syn rjocht om yn ferskate bestjoersorganen fertsjintwurdige te wêzen. 14 - Fan in famkesskoalle yn Chibok, yn noardlik Nigearia, wurde troch de islamistyske terreurorganisaasje Boko Haram 276 famkes ûntfierd en yn gizeling holden. 16 - De Súdkoreaanske fearboat de MS Sewol kapseist en sinkt yn 'e Giele See, wêrby't 304 minsken omkomme, foar it meastepart middelbere-skoallelearlingen. 27 - De Roomsk-Katolike Tsjerke fiert tagelyk de hillichferklearrings út fan 'e eardere pausen Jehannes XXIII en Jehannes Paulus II. 28 - De nije ekonomyske sanksjes fan 'e Feriene Steaten tsjin Ruslân wurde fan krêft, wêrby't persoanen yn 'e neite fan 'e Russyske presidint Vladimir Pûtin troffen wurde. Dit is it Amerikaanske antwurd op 'e yllegale Russyske anneksaasje fan de Krim.

maaie 5 - By in nachtlike oanfal op Gamboru Ngala, yn noardlik Nigearia, bringt de islamistyske terreurorganisaasje Boko Haram teminsten 300 minsken om. 7 - Yn Tailân set it Grûnwetlik Hof de populêre en demokratysk keazen premier Yingluck Shinawatra út har funksje om't se har foech te bûten gien wêze soe by it ûntslaan fan in oerheidsfunksjonaris dy't oansteld wie troch in earder regear. 12 - Op oantrún fan Ruslân ferklearret de eastlike Oekraynske provinsje Lûhansk himsels ûnôfhinklik as de Folksrepublyk Lûhansk. 19 - De Amerikaanske steat Oregon fiert it homohoulik yn. 21 - Yn it Fryske doarp Twizel stoart ûnder in drokbesochte sportwedstryd de dugout fan it sportfjild fan SC Twizel yn, dy't by in stoarm yn oktober 2013 skansearre rekke wie. De bern yn 'e dugout reitsje bedobbe ûnder fallend mitselwurk. In 10-jierrich famke komt om en 5 oare bern reitsje slim ferwûne. 22 - By in steatgreep yn Tailân wurdt koart nei de ôfsetting fan 'e demokratysk keazen premier Yingluck Shinawatra it interim-regear fan premier Niwatthamrong Boonsongpaisan ôfset troch it leger. Mei blykbere goedkarring fan kening Bhumibol wurdt yn it lân fannijs in militêre diktatuer ynsteld. 22 - Yn it opstannige easten fan 'e Oekraïne rjochtsje de ôfskate Folksrepublyk Donjetsk en Folksrepublyk Lûhansk in konfederaasje op, ûnder de namme Nij-Ruslân. 24 - By in oanslach op it Joadsk Museum fan Belgje, yn 'e Belgyske haadstêd Brussel, komme 4 minsken om. De dieder, in islamistyske terrorist, wurdt arrestearre.

juny 1 - De Amerikaanske steat Illinois fiert it homohoulik yn. 3 - It Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan, Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen en de Britske legerbases Akrotiri en Dhekelia (op Syprus), fiere it homohoulik yn. 5 - In nije soennitysk-islamistyske terreurbeweging, dy't himsels de Islamityske Steat yn Irak en Syrje (ISIS), de Islamityske Steat yn Irak en de Levant (ISIL) of koartwei Islamityske Steat (IS) neamt, begjint in offinsyf tsjin regearingstroepen yn noardlik Irak, mei as bedoeling om 'e haadstêd Bagdad yn te nimmen en it troch sjiïten dominearre regear fan premier Noeri al-Maliki ûnder fuotten te heljen. 12 - Yn it troch Israel besette Westjordaanlân wurde trije Israelyske tiners út in Joadske nedersetting troch Palestynske militanten ûntfierd en fermoarde. 13 - De Feriene Steaten en oare Westerske lannen ynterveniëarje oan 'e kant fan Irak yn 'e Oarloch tsjin de saneamde Islamityske Steat. 13-13 july - It WK fuotbal wurdt holden yn Brazylje. 19 - Kening Juan Carlos I fan Spanje docht ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan, Felipe VI. 29 - De saneamde Islamityske Steat (IS) ropt himsels út ta kalifaat, mei Abû Bakr al-Bagdadi as kalyf.

july 2 - Yn it troch Israel besette Westjordaanlân wurdt troch Joadske kolonisten in willekeurige Palestynske tiner ûntfierd en fermoarde út wraak foar de ûntfiering fan en moard op trije Israelyske tiners op 12 juny l.l. 5-27 - De 101ste edysje fan 'e Omgong fan Frankryk wurdt holden. 8-26 augustus - Oanboazjende spannings tusken Israel en Hamas oer de ûntfiering fan en moard op trije Israelyske tiners yn it Westjordaanlân yn juny troch Palestynske militanten en de dêropfolgjende ûntfiering fan en moard op in Palestynske tiner troch Joadske kolonisten, liede ta it útbrekken fan 'e in nije Gaza-oarloch. Israel begjint mei bombardeminten en wreidet de striid in wike letter út ta in grûnoffinsyf. Yn sân wiken fan oarloch komme 2.100 Palestinen en 71 Israeliërs om. 17 - It ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 17 wurdt ûnderweis fan Amsterdam, yn Nederlân, nei Kuala Lumpur, yn Maleizje, boppe de Oekraïne (by it doarp Hrabove) mei in raket delsketten troch pro-Russyske rebellen, dy't dêr aktyf binne yn it ramt fan 'e Donbasoarloch. Dêrby komme 298 minsken om, wêrûnder 196 Nederlanners. 19-1 augustus - Yn Fryslân wurdt it SKS-skûtsjesilen holden. 24 - It ferkearsfleantúch Air Algérie-flecht 5017 stoart del yn súdlik Maly, wêrby't alle 116 ynsittenden omkomme. 30 - Yn 'e Fryske stêd Frjentsjer wurdt de 161ste PC holden.

augustus begjin - Yn noardlik Irak begjint de Jezidyske Genoside, wêrby't de saneamde Islamityske Steat (IS) war docht en rûgje de Jezidyske leauwensmienskip út. 2-9 - Yn Fryslân wurdt it IFKS-skûtsjesilen holden. 3-13 augustus - By it Bloedbad fan Sindjar falle yn noardlik Irak yn it ramt fan 'e Jezidyske Genoside likernôch 3.500 deaden as de saneamde Islamityske Steat (IS) besiket om 'e Jezidyzke enklaves by Sindjar út te rûgjen. Dêrnjonken wurde 4.200 oant 10.800 Jezidyske froulju en famkes troch IS ûntfierd om as seksslavinnen brûkt en ferhannele te wurden. Nochris 50.000 Jezidys sykje beskûl yn it Sindjarberchtme, dêr't se sûnder iten en drinken fêst komme te sitten as IS-striders harren dêre belegerje. Amerikaanske bombardeminten en in offinsyf troch Koerdyske pesjmerga's fan 'e PKK en de YPG brekke troch de besingeling en witte it meastepart fan 'e flechtlingen fia in feilige korridor te rêden. 7 - It ynternasjonale Reade-Kmertribunaal befynt de lieders fan 'e Reade Kmer Nuon Chea en Khieu Samphan skuldich oan misdieden tsjin 'e minsklikheid yn it ramt fan 'e Kambodjaanske Genoside. Beiden wurde feroardiele ta libbenslange finzenisstraf. 9 - Yn it plak Ferguson, yn 'e Amerikaanske steat Missoery, wurdt de swarte tiner Michael Brown deasketten troch in blanke plysjeman. Dat liedt yn 'e hiele Feriene Steaten ta massale demonstraasjes tsjin 'e behanneling fan swarten troch de plysje.

septimber 17 - De eardere diktator Frank Bainimarama wint de earste demokratyske ferkiezings yn Fidzjy sûnt de steatsgreep fan 2006. Dêrmei komt in ein oan 8 jier militêre diktatuer. 17 - De Meksikaanske steat Coahuila fiert it homohoulik yn. 18 - By in referindum yn Skotlân stimt, nei in kampanje dy't bol stie fan 'e bangmakkerij fan 'e kant fan 'e Britske oerheid en it bedriuwslibben, 55,3% fan 'e befolking tsjin ûnôfhinklikheid fan it Feriene Keninkryk.