Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - De Amerikaanske steat Marylân fiert it homohoulik yn. 1 - By in ûngemak yn Raard, yn 'e nijjiersnacht, komt 1 persoan om en reitsje 16 oaren ferwûne as in ferbline automobiliste op in kloft minsken ynriidt dy't op 'e wei by in nijjiersfjoer steane. 2 - Astronomen fan 'e Jeropeeske Súdlike Stjerrewacht sjogge foar it earst de berte fan in planeet, op 450 ljochtjier fan 'e Ierde. 10 - By ferskate bomoanslaggen yn Pakistan komme mear as 100 minsken om en reitsje teminsten 270 oaren ferwûne. 11 - De Frânske striidkrêften ynterveniëarje oan 'e kant fan it regear fan Maly yn 'e oarloch yn Noard-Maly. Harren ynminging yn 'e striid is rjochte tsjin 'e islamistyske groepearring Ansar Dine, dy't konneksjes hat mei de terroristyske beweging al-Qaida. 13 - De Jeropeeske Uny fiert it Jeropeesk Rydbewiis yn. 13 - Sven Kramer wurdt Jeropeesk kampioen reedriden oer-alles by de manlju. 15 - Bob de Vries wint yn Noardlaren de earste maraton op natueriis fan it jier. 16-20 - By de Gizelingskrisis fan In Amenas, yn súdlik Algerije, komme 39 arbeiders en 1 befeiligingsagint om as se yn in ierdgasfabryk gizele wurde troch islamistyske terroristen. 21 - Yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. wurdt Barack Obama foar de twadde kear ynaugurearre as presidint fan 'e Feriene Steaten. 27 - By in brân yn in nachtklub yn Santa Maria, yn Brazylje, komme 242 minsken om, allegear út 'e leeftydskategory tusken de 18 en 25 jier.

febrewaris 5 - De Sint Klemenstsjerke yn Nes op It Amelân wurdt troch brân ferwoastge. 6 - Yn Tuneezje wurdt Tsjokri Belaid, de lieder fan 'e opposysjepartij DPUP, by in oanslach fermoarde. 7 - In swiere sniestoarm bûket yn op 'e noardeastlike Feriene Steaten en it easten fan Kanada. By dizze Sniestoarm fan Febrewaris komt in rekôrhoemannichte snie del en ferlieze 18 minsken it libben. 12 - Noard-Koreä fiert in trêde ûndergrûnske nukleêre proef út, in ûntwikkeling dy't troch oare lannen rûnom feroardiele wurdt. 15 - In meteoar ûntploft boppe de Russyske stêd Tsjeljabinsk, wêrby't 1.492 minsken ferwûne reitsje en 4.300 gebouwen skea oprinne. Dit is de krêftichste meteoar dy't de Ierde treft yn mear as in iuw (sûnt it Tûngûska-foarfal fan 1908). 15 - De planetoïde 2012 DA14 komt de ierde op 27.600 kilometer benei. Nea earder waard in planetoïde fan sa'n grutte sa deunby de Ierde sjoen: binnen in geostasjonêre baan. 16 - De Brazyljaanske steat São Paulo fiert it homohoulik yn. 18- Op 'e lofthaven fan 'e Belgyske haadstêd Brussel hat in diamantrôf plak. Der wurdt foar likernôch 50 miljoen dollar oan rouwe diamanten stellen. 28 - Paus Benediktus XVI abdisearret. Hy is de earste paus fan Rome dy't frijwillich ôftreedt sûnt Selestinus V yn 1294.

maart 5 - De populistyske presidint fan Fenezuëla Hugo Chávez komt mei 58 jier te ferstjerren oan kanker. Hy hat syn lân 14 jier lang regearre, en wurdt opfolge troch syn fise-presidint Nicolás Maduro. 10-11 - By in referindum op 'e Falklâneilannen stimt in oerweldigjende mearderheid fan 91,9% fan 'e kiezers foar it behâld fan 'e status fan oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk. Dit yn it ljocht fan oanhâldende druk fan Argentynje om ûnderhannelings te begjinnen oer de 'weromjefte' fan 'e arsjipel. 11 - De nije lieder fan Noard-Koreä, Kim Jong-un brekt alle ferdraggen mei it Westen en begjint in nij programma foar de fierdere ûntwikkeling fan nukleêre wapens. Dêrtroch rinne de spannings op it Koreaanske Skiereilân fluch op. 13 - De Argentynske kardinaal Jorge Mario Bergoglio wurdt keazen as de nije paus fan Rome. Hy komt op 'e Hillige Stoel ûnder de namme Fransiskus. Hy is de earste paus dy't ôfkomstich is fan it súdlik healrûn, de earste paus dy't ôfkomstich is fan it westlik healrûn (Amearika) en de earste jezuïtyske paus. 15 - De Brazyljaanske steat Ceará fiert it homohoulik yn. 19 - De nije paus Fransiskus wurdt yn it Fatikaan ynstalearre op 'e Hillige Stoel. 23 - It earste ljipaai fan Fryslân wurdt troch Melle van der Meer út Sumar fûn by Earnewâld. 25 - De Séléka-rebellen nimme Bangui yn, de haadstêd fan 'e Sintraalafrikaanske Republyk. Presidint François Bozizé nimt de wyk nei it bûtenlân. 25 - De lannen fan 'e eurosône beslute yn it ramt fan 'e ynternasjonale Bankekrisis (en de dêrút fuortkommende Syprioatyske Bankekrisis) ta in helppakket foar Syprus ter wearde fan €10 miljard. 26 - De Brazyljaanske steat Paraná fiert it homohoulik yn.

april april - It Ynternasjonaal Konsortium fan Undersykssjoernalisten (ICIJ) út Washington, D.C. makket yn it ramt fan 'e striid tsjin belestingfraude it saneamde Offshore-lek iepenbier. Dêryn steane gegevens fan 130.000 oerseeske bankrekkens fan lju út 170 lannen. 2 - De Brazyljaanske steat Mato Grosso do Sul fiert it homohoulik yn. 8 - It ferstjerren fan 'e eardere Britske premier Margaret Thatcher, dy't yn Skotlân en Wales en by it sljochtwei folk yn Ingelân tige hate wie, ropt yn it Feriene Keninkryk benammen blydskip op. It liet Ding Dong, the Witch is Dead ("Ding Dong, de Heks is Dea"), út 'e musical The Wizard of Oz, kringt de top 10 fan 'e Britske hitlisten binnen. 15 - By twa bomoanslaggen troch islamistyske terroristen op 'e Maraton fan Boston, yn 'e Amerikaanske stêd Boston, komme 3 minsken om en reitsje likernôch 264 oaren ferwûne. 24 - By it it ynstoarten fan in fabryksgebou yn Savar, in foarstêd fan 'e Bingaalske haadstêd Dhaka, komme 1.129 minsken om reitsje mear as 2.000 oaren ferwûne. 26 - De Brazyljaanske steat Rondônia fiert it homohoulik yn. 29 - De Brazyljaanske steaten Santa Catarina en Paraíba fiere it homohoulik yn. 30 - Troanswikseling yn Nederlân: Keninginne Beatrix docht ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan har soan, Willem-Alexander.

maaie 3 - Cambuur wint de fuotbalkompetysje fan 'e Nederlânske Earste Difyzje. 16 - Brazylje fiert (lanlik) it homohoulik yn. 18 - Frankryk fiert it homohoulik yn. 20 - De stêd Moore, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma wurdt fierhinne mei de grûn lyk makke troch in tornado. Der falle 24 deaden en mear as 300 ferwûnen. 22 - De Britske soldaat Lee Rigby wurdt op ljochtskyndei fermoarde op 'e strjitte yn 'e Britske haadstêd Londen, troch 2 islamistyske terroristen.

juny 6 - Edward Snowden, in agint fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst NSA, lekt de saneamde Global Suveillance Disclosures nei de media. Dêrby giet it om 'e ynbrek dy't de Amerikaanske oerheid makket op 'e privacy fan 'e Amerikaanske boargers, mar ek om it ôflústerjen fan 'e Dútske bûnskânselier Angela Merkel en de Brazyljaanske presidinte Dilma Roussef. Amerikaanske diplomatike relaasjes mei û.m. Dútslân en Brazylje rinne dêrtroch slimme skea op. Snowden sels moat de Feriene Steaten ûntflechtsje en kriget neitiid asyl yn Ruslân. 19 - Yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta brekt grutte wettersneed út as ferskate rivieren bûten harren oeren geane. 21-22 - Yn Paraguay set it parlemint presidint Fernando Lugo ôf fanwegen ferskate misse setten, wêrûnder nepotisme, in kontroversjele lânoankeap en in konfrontaasje tusken boeren en de plysje op 15 juny 2012 wêrby't 11 boeren en 6 plysjes de dea fûnen. De ôfsetting ferrint sa fluch dat Lugo protestearret dat er net genôch tiid kriget om himsels te ferdigenjen. Ferskate oare Latynsk-Amerikaanske lannen omskriuwe de ôfsetting letter as "in parlemintêre steatsgreep". 28 - De Amerikaanske steat Kalifornje fiert op 'e nij it homohoulik yn. 29-21 july - Yn Frankryk wurdt foar de 100e kear de Tour de France ferriden.

july 1 - De Amerikaanske steat Delaware fiert it homohoulik yn. 1 - Kroaasje wurdt lid fan 'e Jeropeeske Uny. 3 - By in steatgreep yn Egypte grypt it leger ûnder lieding fan generaal Abdûl Fattach al-Sisi de macht. De demokratysk keazen presidint Mohammed Morsi wurdt ôfset en yn it tichthûs smiten. Demonstraasjes tsjin dizze gong fan saken troch oanhingers fan Morsi wurde mei grou geweld de kop yndrukt. 6 - It Súdkoreaanske ferkearsfleantúch Asiana Airlines-flecht 214 stoart del op 'e lâningsbaan fan 'e lofthaven fan 'e Amerikaanske stêd San Francisco, wêrby't 3 minsken omkomme en 181 oaren ferwûne reitsje. 13 - Nei oanlieding fan 'e ûnbestrafte moard fan George Zimmerman op 'e swarte jongeman Trayvon Martin, yn Floarida, rjochtsje Afro-Amerikaanske minskerjochte-aktivisten de Black Lives Matter-beweging op. Dy kantet him oan tsjin geweld fan blanken tsjin swarten, en yn 't bysûnder tsjin plysjegeweld tsjin swarten. 20-2 augustus - Yn Fryslân wurdt it SKS-skûtsjesilen holden. 21 - Kening Albert II fan Belgje docht ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan Filip. 25 - Yn Nederlân hearsket no offisjeel in hjitteweach. It is de earste hjitteweach sûnt july 2006. 31 - De 160ste PC yn Frjentsjer wurdt wûn troch Johan van der Meulen fan Bitgummole, Renze Pieter Hiemstra fan Sint-Jabik en Hylke Bruinsma fan Minnertsgea.

augustus 1 - De Amerikaanske steaten Minnesota en Rhode Island fiere it homohoulik yn. 2 - Douwe J. Visser wint mei de Sneker Pan it SKS-skûtsjesilen. 3 - De Fryske hurdfytser Pieter Weening wint de Omgong fan Poalen. 3-10 - Yn Fryslân wurdt it IFKS-skûtsjesilen holden. 5 - Oerûguay fiert it homohoulik yn. 6 - De Fryske hurdfytser Pieter Weening wint it hurdfytskritearium De Gouden Pijl yn Emmen. 7 - It keatspartoer fan Dronryp wint yn Wommels de Freulepartij. 10 - Sikke Heerschop wint mei de Wylde Wytse de grutte A-klasse by it IFKS-skûtsjesilen. 10 - Bart Helmholt wint yn Winsum it Frysk Kampioenskip Fierljeppen by de senioaren. By de froullju giet de titel nei Klaske Nauta. 14 - It Egyptyske leger sjit 2.696 freedsume demonstranten dea, dy't protestearje tsjin 'e steatgreep wêrby't de demokratysk keazen presidint Mohammed Morsi ôfset is. 19 - Nij-Seelân fiert it homohoulik yn. 21 - By de oanfal mei gemyske wapens op Gûta, troch it Syryske regearingsleger yn it ramt fan 'e Syryske Boargeroarloch, komme 1.429 minsken om. 29 - It Britske Legerhûs stimt tsjin Britske yntervinsje oan 'e kant fan 'e (sekuliere) rebellen yn 'e Syryske Boargeroarloch. As gefolch dêrfan sjocht ek de Amerikaanske presidint Barack Obama dêrfan ôf. Dat set de doar wiid iepen foar yntervinsje troch Ruslân oan 'e kant fan 'e diktatuer fan Basjir al-Assad.

septimber 9 - By de Krisis fan Zamboanga komme troch oanfallen fan islamistyske terroristen yn 'e Filipynske stêd Zamboanga 220 minsken om en reitsje 70 oaren ferwûne. 21 - By de oanslach op it Westgate-winkelsintrum yn 'e Keniaanske haadstêd Nairobi, útfierd troch Somalyske islamistyske terroristen fan 'e beweging al-Sjabaab, komme 71 minsken om (ynkl. 4 dieders) en reitsje 175 oaren ferwûne.

oktober 12 - De Amerikaanske steat Nij-Jersey fiert it homohoulik yn. 18 - Saûdy-Araabje wegeret as earste lân ea in sit yn 'e Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes. De sit giet dêrnei nei Jordaanje, dat der op 6 desimber besit fan nimt. 19 - De binnenstêd fan Ljouwert wurdt troffen troch in grutte brân. Fiif pannen oan De kelders geane ferlern, wêrûnder it bertehûs fan Mata Hari. Ien persoan, in 24-jierrige studint, komt by de brân om. 28 - In tige swiere súdwesterstoarm raast oer Fryslân en Noardwest-Jeropa. Op Flylân en yn Harns wurdt orkaankrêft metten en yn Lauwerseach de swierste wynstjit fan Nederlân; 152 kilometer de oere.

novimber 3 - Yn Ljouwert wurdt in benefytkonsert holden foar de troffenen fan 'e brân fan 19 oktober l.l. 5 - De Yndiaaske Mars-sonde Mangalyaan wurdt lansearre. 5-11 - De tige swiere tyfoan Haiyan (op 'e Filipinen bekend ûnder de namme Yolanda) lûkt in spoar fan ferwuostging troch Palau, de Filipinen, súdlik Sina en Fjetnam. Benammen de Filipinen wurde tige swier troffen. Yn totaal komme der teminsten 6.329 minsken om, wêrfan 6.300 yn 'e Filipinen. De materiële skea bedraacht $2,9 miljard. 12 - By it it ynstoarten fan it dak fan in winkelsintrum yn it Letske plak Zolitūde komme 54 minsken om. 13 - Yn Ljouwert, It Hearrenfean, Boarnsterhim, Lemsterlân, Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân wurde weryndielingsferkiezingen holden.