Donna Tartt (Greenwood (Mississippy), 23 desimber 1963) is in Amerikaanske skriuwster.

Tartt studearre tagelyk mei auteur Brett Easton Ellis klassike talen en filosofy oan Bennington Kolleezje yn Vermont. Yn 1992 debutearre hja mei de roman "The Secret History" ("De Ferhoalen Skiednis"), oer seis studinten klassike talen, dy't sykje nei de ekstaze sa't dy troch Euripides beskreaun waard yn syn toanielstik 'Bakchai'. Hjiryn wurdt ferskate kearen ferwiisd nei de berûzing dy't de maenaden, de froulike folgelingen fan Dionysos, berikke en wêryn't sy yn bisten ferskuorre, geslachtsferkear hawwe en soks sawat, yn in geastlike tastân fan útsinnigens. Wilens harren syktocht giet er it ien en oar net goed. Dit boek smiet foar Tartt in protte priizgjende kritiken op, dat de ferwachtings foar har twadde boek wiene grut. Dit ferskynde yn 2002, "The Little Friend" ("De Lytse Freon"). Yn 2004 ferskynde in koart ferhaal, "Sleepytown: A Southern Gothic Childhood, with Codeine" (Nederlânske titel:Het Land Van De Papaver).

Bibliografy Romans The Secret History - (De Ferhoalen Skiednis) De Bezige Bij, 1992 The Little Friend - (De Lytse Freon) De Bezige Bij, 2002 The Goldfinch - (It Puttertke) De Bezige Bij, 2013

Koarte ferhalen “A Christmas Pageant.” Harper’s 287.1723. desimber 1993, side 45+. “A Garter Snake.” GQ 65.5, maaie 1995, side 89+.

Non-fiksje “Het Land Van De Papaver” De Bezige Bij, 2004 “Basketball Season.” The Best American Sports Writing, Houghton Mifflin, 1993. “Team Spirit: Memories of Being a Freshman Cheerleader for the Basketball Team.” Harper’s 288, april 1994, side 37-40.

Audio Tartt hat in stikmannich harkboeken opnaam: The Secret History The Little Friend (ynkoarte) True Grit (mei in neiwurd oer har leafde foar de roman) Winesburg, Ohio (kar-út)

Prizen 2003 WH Smith Literary Award – The Little Friend 2003 Orange Prize for Fiction koarte list – The Little Friend 2013 National Book Critics Circle Award (fiction) koarte list – The Goldfinch 2014 Baileys Women's Prize for Fiction koarte list – The Goldfinch 2014 Pulitzer Prize for Fiction – The Goldfinch 2014 TIME 100 The 100 Most Influential People 2014 Andrew Carnegie Medal for Excellence for Fiction – The Goldfinch Vanity Fair International Best Dressed List, 2014 2014 Malaparte Priis (Italië) – The Goldfinch

Keppelings om utens Donna Tartt The Unofficial Donna Tartt / Secret History side "The Little Friend" troch Donna Tartt: keppelings Donna Tartt ynterviewd troch Robert Birnbaum op identitytheory.com Tartt oer lêzen en hat Skotske beppe

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Winner fan de Pulitzerpriis foar Fiksje Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1963