thumb|Selsportretgravuere fan Pieter de Jode II thumb|Bordeelsêne thumb|Portret fan in pearke, dy't harren bern jong ferlern hawwe. Nicolaus Knüpfer (Leipzig, ± 1609 - Utert, oktober 1655) wie in Nederlânsk keunstskilder fan Dútsk komôf.

Libben Knüpfer krige syn oplieding yn Leipzig by Emanuel Nysen Nicolaes Knufter biography in De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen (1718) troch Arnold Houbraken (DBNL).. Dan ferhûzet er nei Maagdenburch dêr't er kwasten makket foar keunstskilders, mar ferhûze letter nei Utert om by Abraham Bloemaert te arbeidzjen. Letter waard er selsstannich skilder yn Utert.

Hy die mei oan it dekorearjen fan it kastiel Kronborg yn Denemark, en skildere figuerkes yn de lânskippen fan Jan Both en Jan Baptist Weenix. Knüpfer wie in súksefolle en djoere learaar, dy't ûnder oaren letter grut wurden skilders as Jan Steen en Gabriel Metsu ta syn learlingen rekkenje koe.

Wurk Knüpfer skildere behindige skilderijkes mei bibelske, literêre en mytologyske sênes, mar ek alledeiske sjenretafrelen. Syn figueren binne faak yn ienfâldige hâldingen werjûn en skildere mei flotte streken en wite aksinten.

Keppelings om utens Noch wat wurk fan Knüpfer

Kategory:Dútsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1609 Kategory:Persoan stoarn yn 1655