thumb|250px|Blomstillibben
Abraham Mignon (Frankfurt am Main, doopt 21 juny 1640 – Utert, 27 maart 1679) wie in Nederlânsk keunstskilder fan blom- en fruchtestillibbens. Fûgels komme ek faak foar yn syn wurk.
Libben Abraham Mignon stamde út in Súd-Nederlânske famylje dy't har nei de Reformaasje yn Frankfurt fêstige. Syn heit wie keapman en die him yn de lear by Jacob Marrell, waard syn bêste learling, mei wa't er nei Utert gie, dêr't er yn 1669 lid waard fan it Sint-Lukasgilde. Yn de trije folgjende jierren hat er noch learling west fan Jan Davidsz. de Heem. Hy boaske yn 1675, mar stoar al mei jonge jierren. Hy waard begroeven yn de Buurkerk.
Wurk Abraham Mignon makke briljante behindige stillibbens, dy't tige wurdearre en noch lange tiid neifolge waarden. Sy hawwe in soad ynfloed ûndergien fan sy learmaster De Heem, mar se binne wat hurder fan kleur en de linen binne swierder oanset.
Musea Hermitage yn Sint-Petersburch Ryksmuseum yn Amsterdam Louvre yn Parys (seis wurken)
Keppeling om utens Abraham Mignon op Artcyclopedia mei in protte keppelings
Kategory:Dútsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Dútsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1640 Kategory:Persoan stoarn yn 1679