Johanna ter Steege (Notter, 10 maaie 1961) is in Nederlânsk aktrise.

Libben en wurk Ter Steege studearre fan 1979 oant 1984 aan de Akademy foar Drama en Keunst yn Kampen. Fan 1984 oant 1988 die hja de toanielskoalle yn Arnhim. Op de Akademy hat hja mei in stikmannich studinten de teatergroep De Trust fan Theu Boermans oprjochte.

Yn 1987 waard Ter Steege frege foar in rol yn de film Spoorloos, regissearre troch George Sluizer. Dêrfoar krige sy de Felix Award (Berlyn) foar de bêste byrol. Sûnt hat se de hiele wrâld bereizge, spile yn ferskillende talen en wurke mei ferneamde regisseurs sa as Robert Altman (Vincent & Theo, 1990) István Szabó (Sweet Emma, dear Bobe), Heddy Honigmann (Tot Ziens/Goodbye, bêste aktrise yn Locarno) en Bruce Beresford (Paradise Road, 1997). Ter Steege hat wurke mei akteurs as Glenn Close, Frances McDormand, Isabella Rossellini, Gary Oldman, Tim Roth en Klaus Maria Brandauer.

Yn jannewaris 2001 spile hja Countess Geschwitz yn it stik LULU, regy Jonathan Kent, yn it Almeida Teater yn Londen en yn Washington.

Ter Steege is yn 1995 troud mei Jan Obbeek en waard op 24 april 1998 mem fan dochter Hannah, dy't ek aktrise is.

Sydlings Stanley Kubrick fûn Johanna ter Steege de bêste aktrise fan de wrâld doe't er har castte foar de film Aryan Papers. Hy hie har leaver as Julia Roberts dy't troch de studio's nei foaren skood wie. De film waard oars net makke mei't Steven Spielberg syn film Schindler's List ek útkomme soe.Kubrick's lost movie: Now we can see it..., Geoffrey Macnab, 27 jannewaris 2009 yn The Independent Ter Steege waard lykwols wol betelle foar de rol.

Prizen 1988 - Jeropeeske Filmpriis Felix 1993 - Berlinale Kamera op it Berlinale 1993 1995 - Bysûndere priis op it Filmfestival Locarno 1996 - Bysûndere priis op it Filmfestival Locarno

Filmografy Spoorloos (1988) - Saskia Wagter Vincent & Theo (1990) - Jo Bonger I Can No Longer Hear the Guitar (1991) - Marianne Meeting Venus (1991) - Monique Angelo Dear Emma, Sweet Böbe (1992) - Emma De bunker (1992) - Frou Kleinveld The Birth of Love (1993) - Ulrika De pianiste (Televisiefilm, 1994) - De pianiste Immortal Beloved (1994) - Johanna Reiss Tot ziens (1995) - Laura Mama's proefkonijn (1996) - Odille The Phantom Heart (1996) - Mona Für immer und immer (1997) - Susanna Paradise Road (1997) - Suster Wilhelmina Rembrandt (1999) - Saskia Uylenburgh Een vrouw van het noorden (1999) - Emilie van Thuile Hanna lacht (2000) - Mem Mariken (2000) - Grevinne De belager (Televisiefilm, 2000) - Elles Pauw The Sound of Drumming (TV-film, 2001) - Vera Passing Future - 3 Solo's (TV-film, 2001) - Vera The Year of the First Kiss (2002) - Mem fan Tristan Verder dan de maan (2003) - Ita Werner Sergeant Pepper (2004) - Anna Singer Guernsey (2005) - Bobby Een ander zijn geluk (2005) - Ann De partizane (2005) - Louise Dalziel and Pascoe Telefyzjesearje - plysje Anna Breukink (Ofl., Wrong Place, Wrong Time: diel 1 & 2, 2006) Magic Paris (2007) - Kate l'Été indien (2007) - Johanna De Fuik (Telefyzjefilm, 2008) - Mem Last Conversation (2008) Juliana: koningin van Oranje (Telefyzjerige, 2009) - Greet Hofmans L'insurgée (Restless) (2009) - Madeleine Tirza (2010) - Alma Isztambul (Istanbul) (2011) - Katalin Munk Achtste-groepers huilen niet (2012) - Mem Akkie Lilet never happened (2013) - Claire Brussel (2017) - Moniek van Dalen

Toaniel Hanna van Hendrik (2019) - Hanna Terror (2017) - offisier fan justysje

Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Twintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1961