Megan Denise Fox (16 maaie 1986 yn Rockwood, Tennessee) is in Amerikaansk aktrise, fotomodel en sekssymboal.

Biografy Megan Fox har foarâlden kamen fan Ierlân, fan Frankryk en guon wiene Noard-Amerikaanske yndianen.sirius.com: Sirius/Page&c=BackStageAsset&cid=1181270896791 Ynterview: Audio Clip Megan en har tolve jier âldere suster waarden grut yn wat earmoedige omstannichheden. Har mem en styfheit fûn se tige strang.news.com.au: Fox Flying High, 24 juny 2007 Mei fiif jier krige hja al toaniel- en dûnsles en mei sân jier bedarre se yn Florida dêr't se har skoalle ôfmakke. Yn 1999 die hja mei oan ferskillende talintejachten, ûnder oaren oan de American Modeling and Talent Convention yn Hilton Head Island (Súd Karolina).

Fox makke har filmdebút yn 2001 yn Holliday in the Sun. Rillegau folgen rollen yn Sitcoms sa as Two and a Half Men en Hallo Holly. Yn de film Confession of a Teenage Drama Queen (2004) is se neist Lindsay Lohan te sjen. By it grutte publyk waard hja earst bekend mei de film Transformers (2007). Dêryn spilet se de freondinne fan Shia LaBeouf. Foar dy rol moast hja earst fiif kilo oankomme.nydailynews.com: Megan Fox Ordered to Gain Weight for “Transformers 2”, 17 july 2008 Yn 2008 krige hja in rol yn New York foar begjinners neist Jeff Bridges en Kirsten Dunst.The Hollywood Reporter: Fox Making „Friends“ for Weide Pic, 29 juny 2007

Fox waard ek neamd as opfolchster fan Angelina Jolie as Lara Croft yn de Tomb Raider-filmrige;Der Tagesspiegel: Angelina Jolie nicht mehr als Lara Croft im Kino, 30 jannewaris 2009 mar har publisteitsman hat dat tsjinsprutsen.fan-lexikon.de: Megan Fox wird nicht Lara Croft, 29 jannewaris 2009 Har lêste rol wie dy yn de horror-komedy Jennifer’s Body, dy't yn septimber 2009 útbrocht is.

Fox sil ek meidwaan oan in koartswillige film fan Jonah Hex. Dat moat in Western wurde en hja spilet dan neist Josh Brolin dy't de haadrol krije sil, en John Malkovich. De film sil yn 2010 ferskine is de hjittingFilmpriuwke: Sexy Megan Fox yn Western „Jonah Hex“http://www.imdb.com/title/tt1075747/https://www.filmstarts.de/kritiken/100062-Jonah-Hex.html

Sûnt 2004 hat Fox in ferhâlding mei de akteur Brian Austin Green, bekend fan de telefyzjerige Beverly Hills, 90210 en de spylfilm Terminator: The Sarah Connor Chronicles.

Tatoeaazjes Fox hat acht tatoeaazjes, foar bekend,,[http://www.collider.com/entertainment/article.asp/aid/4666/cid/13/tcid/1 Shia LaBeouf en Megan Fox ynterviewd – TRANSFORMERS Collider.com 2007-06-18, rieplachte 2009-06-12 op de heup ien mei de namme fan har eks-ferloofde "Brian" en in ôfbyld fan Marilyn Monroe's gesicht op de rjochter ûnderearm.[http://www.life.com/image/79891107/in-gallery/22534/art-inspired-by-marilyn-monroe Megan Fox har Marilyn Monroe Tatoeaazje - Ynspirearre troch Marilyn Monroe LIFE /2007-08-25/2009-06-12 In oare sit op har rjochterskouder: We will all laugh at gilded butterflies, in rigel út William Shakespeare's stik King Lear, in yin en yang tatoeaazje op de lofter pols, in gedichtsje op de lofter side fan de ribbekast dat seit there once was a little girl who never knew love until a boy broke her HEART, en in Sineesk wurd foar 'krêft' yn de nekke.|Megan Fox Tattoos |Meganfoxbuzz.com |2009-06-28 Fox hat fierder noch in opkommende moanne oer in Davidstjer flak boppe de rjochter ankel.Megan Fox har Tatoeaazjes yn LIFE 2007-06-01, rieplachte 2009-08-3 Dat is har iennichste bekende kleurde tatoeaazje.News.com.au 2007-06-23/2008-04-25

Filmografy right|thumbnail|Megan Fox yn Parys (2009) right|thumbnail|Fox (2007)

| 2001 | Holiday in the Sun | Brianna Wallace | Direct-to-video |- | 2003 | Bad Boys II | Bikini Kid Dancing Under Waterfall | net neamd |- | 2004 | Confessions of a Teenage Drama Queen | Carla Santini

| 2007 | Transformers | Mikaela Banes

| rowspan="2"|2008 | How to Lose Friends & Alienate People | Sophie Maes

| Whore | Lost

| rowspan="2"|2009 | Transformers: Revenge of the Fallen | Mikaela Banes

| Jennifer's Body | Jennifer Check

| rowspan="2"|2010 | Jonah Hex | Tallulah Black

| Passion Play | Lily Luster

| 2011 | Friends with Kids | Mary Jane

| rowspan="2"|2012 | The Dictator | As har sels

| This Is 40 | Desi

| 2014 | Teenage Mutant Ninja Turtles | April O'Neil

| 2016 | Teenage Mutant Ninja Turtles: Out of the Shadows | April O'Neil

| rowspan="3"|2019 | Above the Shadows | Juliana

| Zeroville | Soledad Paladin

| The Battle of Jangsari | Maggie

| rowspan="2"|2020 | Think Like a Dog | Ellen Reed

| Rogue | Samantha O'Hara

|rowspan="3"|2021 | Till Death | Emma

| Midnight in the Switchgrass | Rebecca Lombardi

|Night Teeth |Grace |- |rowspan="3"|2022 |Big Gold Brick | Jacqueline

|Taurus | Mae |- |Good Mourning |Kennedy |- |2023 |Johnny & Clyde |Alana Hart

| 2002–2003 | Ocean Ave. | Ione Starr | Haadrol |- | 2003 | What I Like About You | Shannon | ôflevering: "Like a Virgin (Kinda)" |- | rowspan="3" | 2004 | Two and a Half Men | Prudence | ôflevering: "Camel Filters and Pheromones" |- | The Help | Cassandra Ridgeway | 3 ôfleveringen |- | Boss Girl | Candace | Telefyzje film |- | 2004–2006 | Hope & Faith | Sydney Shanowski | 48 ôfleveringen(Seizoen 2–3) |- | 2009 | Saturday Night Live | As har sels/ Host | ôflevering: "Megan Fox / U2" |- | 2011 | Robot Chicken | As har sels/ Lois Lane (stimme) | ôflevering: "The Core, the Thief, His Wife and Her Lover" |- | rowspan="2" | 2012 | Robot Chicken DC Comics Special | Lois Lane (stimme) | Telefyzje film |- | Wedding Band | Alexa Jordan | ôflevering: "I Love College" |- | 2016–2017 | New Girl |Reagan Lucas | 15 ôfleveringen(Seizoen 5–6) |- | 2018 | Legends of the Lost with Megan Fox | As har sels/ Host | 4 ôfleverings |- | 2024 | Dave | As har sels | ôflevering: "Met Gala"

Rigen 2002–2003: Ocean Ave. (haadrol) 2003: What I like about you (1 ôflevering) 2004: Two and a Half Men (1 ôflevering) 2004: The Help (3 ôfleverings) 2004–2006: Hope & Faith (út en troch in rol)

Muzykfideos 2010: Eminem feat. Rihanna – Love the Way You Lie

Prizen thumbnail|right|Fox yn oktober 2007, mei twa sichtbere tatoeaazjes. 2005: Young Artist Award (Nominaasje) 2007: Teen Choice Award (trije nominaasjes) 2007: Scream Award – Sci-Fi Siren foar Transformers 2008: FHM Sexiest Women in the World 2008 1e plak

Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1986