De Breedyk is in ferkearswei, in saneamde planwei, tusken Stiens en Ljouwert. It wie eartiids de Middelseedyk fan Eastergoa en waard yn de 10e iuw oanlein. De Breedyk waard in binnendyk troch ynpolderingen fan de Middelsee yn de 13e en 14e iuw. De dyk moast doe it nijlân beskermje tsjin oerstreamings.
Kategory:Stiens Kategory:Strjitte yn Ljouwert Kategory:Wei yn Fryslân Kategory:Bouwurk út de 10e iuw Kategory:Geografy fan Ljouwerteradiel Kategory:Geografy fan Ljouwert (gemeente)