right|100px
In autodyk of autowei is yn Nederlân in wei dêr’t allinnich fluch motorreau op ride meie. Deselde soarte dyk komt ek yn oare lannen foar, bygelyks yn Dútslân, Belgje, Ingelân, Noarwegen, Eastenryk, Switserlân, Frankryk en Sweden.
Ferkearsregels thumb|right|De autodyk, mei 2 rydbanen, by Assendelft. Op in autodyk mei net efterút riden wurde, net keare en ek net stilstean as dat net nedich is. Op in autodyk kinne jo te krijen hawwe mei tsjinlizzers en krusend ferkear.
Yn Nederlân leit de maksimumfaasje, of it moat wêze dat oars oanjûn wurdt, op 100 kilometer yn 'e oere bûten de beboude kom. Yn de beboude kom is dat 50 kilometer yn 'e oere. Yn Nederlân, en ek yn Belgje en Frankryk, is in autodyk meastal oanjûn as in N-dyk.
Autodiken yn Fryslân Yn Fryslân binne de neikommende provinsjale wegen autodiken:
N351: Easterwâlde - Urk N353: Jobbegea - Havelte N354: Grou - Snits - Eastersee N355: Ljouwert - Grins N356: Holwert - Nyegea N357: Ljouwert - Holwert N358: Fryske Peallen - Bûtenpost N359: Ljouwert - De Lemmer N361: Ryptsjerk - Grins N369: Drachten - Twizel N380: It Hearrenfean - Donkerbroek N381: Drachten - Emmen N383: Ljouwert - Sint Anne N384: Tsjummearum - DearsumN390: Harns - Frjentsjer N392: Aldhoarne - Akkrum N393: Stiens - Harns N712: De Lemmer - Urk N910: Gerkeskleaster - Dokkum N913: Garyp - Sumar N917: Oerterp - Haulerwyk N918: Haulerwyk - Weper N919: Easterwâlde - Huis ter Heide N924: It Hearrenfean - Eastersee N927: Sint Nyk - Spannenburch N928: Wâldsein - Balk N979: Haulerwyk - De Like N981: Boelensloane - Kornhorn
De measte fan dy diken binne útfierd as inkelde rydbaan, dus mei twa rydstripen. In part fan de N356 fan Dokkum nei Nijegea (de Sintrale As), in part fan de N355 fan Ljouwert nei Hurdegaryp en in part fan de N381 fan it knooppunt Drachten nei Easterwâlde binne útfierd mei in dûbele rydbaan (2x2).
De Rykswei 31 is foar in part útfierd as autowei mei dûbele rydbaan fan Surch nei Mullum en fan Marsum nei it knooppunt Drachten.
Keppeling om utens
Kategory:Ferkear Kategory:Wei