Johan de Jong (1950 - 18 jannewaris 2005) wie in kafee-eigner en slachtoffer fan in rôfmoard.

Johan de Jong wie de eigener fan kafee Nijlân, oan it Willem Alexanderplein yn Ljouwert. Moandeitenacht 18 jannewaris om 00.20 wie Johan mei noch ien klant yn it kafee.

Neffens tsjûgenis fan de klant kamen doe trije maskere manlju it kafee yn. De trije fregen om jild en sloegen fuortendaliks op beide mannen yn. De klant koe ûntkomme en warskôge de plysje.

Doe't de plysje oankaam wie de De Jong al ferstoarn en wie der fierders nimmen mear yn it kafee. It bliek dat der jild út it kafee ferdwûn wie. Ut fierder ûndersyk fan de plysje die bliken dat de kafeebaas deastutsen wie.

Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Moardslachtoffer Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1950 Kategory:Persoan stoarn yn 2005