thumb|right|Coyne yn The Edge, Toronto 5 juny 1981 Kevin Coyne (27 jannewaris 1944, Derby - 2 desimber 2004, Neurenberch) wie in Britsk musikus, skriuwer en skilder. Coyne naam as sjonger en lieteskriuwer mear as 35, meastepart op de blues ynspirearre albums op. Hy waard beynfloede troch ûnder oaren Chuck Berry, Muddy Waters, John Lee Hooker en Jimmy Reed.

Coyne studearre grafyk en skilderkeunst oan de Joseph Wright School of Art en dêrnei oan de Derby College of Art. Oant 1968 wurke er as sosjaal wurker yn Lancashire. Dêrnei wurke er as riedsman foar drugsferslaafden yn Soho. Dy perioade hat in wichtige ynspiraasjeboarne west foar sawol syn betide as lette songs.

Fan 1973 ôf folgen acht tige produktive jierren. Hy levere mei-inoar alve LP's op. Fierder toerde Coyne troch Kanada, Austraalje, de Feriene Steaten en it Europeeske fêstelân. Ek wurke er yn it teäter mei selsskreaune muzikals. Dêrnei folget in foar Coyne tige swiere perioade, feroarsake troch de hektyk fan it sukses en neffens guon troch swier alkoholgebrûk. Yn dy tiid makke er in stikmennich swiersettige albums.

Yn 1985 gie Coyne nei Neurenberch yn Dútslân, dêr't er mei de Dútske Paradise Band in nije start makke. Sûnder drank kaam syn karriêre as skriuwer, sjonger en skilder wer fan de grûn. Op 2 desimber 2004 kaam yn syn nije heitelân in ein oan syn libben.

Diskografy thumb|Kevin Coyne yn Haarlim (1988) Carnival - 2002 Life is almost wonderful (mei Brendan Croker) - 2002 Room full of Fools - 2000 Sugar Candy Taxi - 2000 Bittersweet Lovesongs - 2000 Live Rough and More - 1997 Knocking On Your Brain - 1997 The Adventures of Crazy Frank - 1995 Elvira: Songs from the Achives 1979- 83 - 1994 Sign of the Times - 1994 Tough and Sweet - 1993 Burning Head - 1992 Wild Tiger Love - 1991 Peel Sessions - 1991 Romance - Romance - 1990 Everybody's naked - 1989 Stumbling on to Paradise - 1987 Rough - 1985 Legless In Manila - 1984 Beautiful Extremes et cetera - 1983 Politicz - 1982 Live in Berlin - 1981 Pointing the Finger - 1981 The Dandelion Years - 1981 Sanity Stomp - 1980 Bursting Bubbles - 1980 Babble - Songs for Lonely Lovers - 1979 Millionaires and Teddy Bears - 1979 Dynamite Daze - 1978 Beautiful Extremes - 1977 In Living Black and White - 1977 Heartburn - 1976 Let's Have A Party - 1976 Matching Head and Feet - 1975 Blame lt On The Night - 1974 Marjory Razorblade - 1973 Case History - 1972 The Club Rondo - 1995 (mei materiaal opnommen yn 1969/1971) Let's do it - 1994 (mei maretiaal opnommen yn 1969/1970) Rabbits - 1994 (mei materiaal opnommen yn 1969/70) Strange Locomotion - 1971 Siren - 1969

Ferwizing De thússide fan Kevin Coyne

Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk muzikant Kategory:Ingelsk komponist Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Ingelsk dichter Kategory:Ingelsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Ingelsk yllustrator Kategory:Ingelsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1944 Kategory:Persoan stoarn yn 2004