Sven Kramer (Aldskoat, 23 april 1986) is in earder Frysk reedrider út Aldskoat. Hy is in soan fan âld maraton- en reedrider Yep Kramer.

Karriêre thumb|250px|Kramer yn de belslide op Thialf Yn 2004 wûn Kramer, noch mar 18 jier, en dêrmei junior, ûnferwachts it Nederlânsk kampioenskip reedriden oer-alles yn Thialf. Dêrmei fertsjinne hy in startbewiis foar syn earste Europeesk Kampioenskip, dêr't hy op 9 jannewaris 2005 twadde waard. Krap in moanne letter, op 6 febrewaris, waard hy yn Moskou tredde op syn earste wrâldkampioenskip oer-alles.

Op 19 novimber 2005, ûnder de tariedings foar de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn, ferbettere Kramer by in Wrâldbekerwedstriid yn Salt Lake City it wrâldrekord op de 5.000 m fan Chad Hedrick, dat net mear as in wike âld wie. Yn de wedstriid tsjin Carl Verheijen kamen beide ûnder de tiid fan Hedrick, mar Kramer kaam yn de lêste bocht ûnder syn tsjinstanner troch en sette in nije wrâldrekordtiid fan 6.08,78. Op 11 febrewaris waard er efter dyselde Chad Hedrik twadde op de 5.000m op de Olympyske Spullen.

In seizoen letter kaam Kramer hielendal los. Hy wûn trije ôfstânen op it NK Oer-alles. Twa moanne letter wint Kramer yn Kollalbo it JK Oer-alles. Mei twa nije wrâldrekords, op de 5.000 en de 10.000 meter, waard er mei oermacht kampioen. Noch ris fjouwer wiken letter liet Kramer yn Thialf op It Hearrenfean opnij sjen de bêste te wêzen. Hy wûn de 5.000 en de 10.000 meter, waard op de 500 meter fiifde en op de 1.500 meter tredde. Dêrmei waard Kramer Wrâldkampioen Oer-alles.

Priveelibben Kramer hat sûnt begjin 2008 in relaasje mei hokkyspylster Naomi van As. Op 21 oktober 2018, mei har hat Kramer in dochter en in soan.

Grutste súksessen Nederlânsk kampioen Oer-alles JierDatumPlak200419 desimber Thialf, It Hearrenfean200730 desimber Kardinge, Grins

Jeropeesk kampioen Oer-alles JierDatumPlak200911 jannewarisThialf, It Hearrenfean201010 jannewarisVikingskipet, Hamar20128 jannewarisVárosligeti Müjégpálya, Boedapest201313 jannewarisThialf, It Hearrenfean201511 jannewarisOeralskaja Molnija, Tsjeljabinsk201610 jannewarisMinsk Arena, Minsk20178 jannewarisThialf, It Hearrenfean201913 jannewarisArena Ritten, Collalbo

Wrâldkampioen Oer-alles JierDatumPlak200711 febrewarisThialf, It Hearrenfean201219 febrewaris Krylatskoje, Moskou201317 febrewarisVikingskipet, Hamar20158 maartOlympic Oval, Calgary201617 febrewarisSportforum Hohenschönhausen, Berlyn20175 maartVikingskipet, Hamar

Olympyske Spullen JierDatumOfstânMedaljePlak200611 febrewaris 5 km Sulver Turyn201013 febrewaris5 kmgoud Vancouver20148 febrewaris5 kmgoud Sotsji201811 febrewaris 5 kmgoud Pyeongchang

2005 19 novimber 2005 - Wrâldtoptiid op de 5.000 m.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 36,17 27-12-2009 It Hearrenfean 1.000 meter 1.09,7728-02-2015Calgary 1.500 meter 1.43,5411-12-2009 Salt Lake City 3.000 meter3.35,9319-12-2020 It Hearrenfean 5.000 meter 6.03,3217-11-2007 Calgary 10.000 meter 12.38,8911-02-2017Gangneungefterfolging3.34,6815-02-2020Salt Lake City

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn Aldskoat Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1986