Thea Sybesma (Jiskenhuzen, 18 novimber 1960). Nederlânskse triatlete en duatlete wenjend yn Heeze. Mei duatlon waard se wrâld-, Europeesk- en Nederlânsk kampioene en mei triatlon hat se Europeesk- en Nederlânsk kampioene west.

Thea wie de earste Nederlânske frou dy't de hele triatlon binnen njoggen oeren wist te foltôgjen. Letter kaam ek Katinka Wiltenburg ûnder dizze grins, mar noch altiten is de tiid fan Thea de snelste tiid op de Lange Ofstân 8:55:29 (Roth).

Thea hat trijeris Almere wûn yn 1990, 1991, 1992. Se wûn yn 1993 de maraton fan Apeldoorn yn 2:46.14. Yn 2000 is der in priis ferneamd nei neamd, de Thea Sybesma Award.

Se studearre medisinen en fysioterapy oan de Universiteit fan Grins en wurke dêrnei as ortopedysk sjirurch yn it St. Anna Sikehûs yn Geldrop.

Titels Wrâldkampioen duatlon Koarte Ofstân: 1990 Europeesk kampioen triatlon Lange Ofstân: 1991 Europeesk kampioen triatlon Olympyske Odstân: 1990 Europeesk kampioen duatlon : 1990, 1991, 1992 Nederlânsk kampioen triatlon Lange Ofstân: 1990, 1991, 1992 Nederlânsk kampioen duatlon: 1991, 1992

WK, EK, NK oars 1989: 2e Nederlânsk kampioenskip Lange Ofstân (Almere) 1990: 2e Europeesk kampioenskip Midden Ofstân (Trier, Dútslân) 1991: 3e wrâldkampioenskip duatlon (Catadral City, USA) 1992: 3e Europeesk kampioenskip Midden Ofstân (Joroinen, Finlân)

Oare prestaasjes 1990: 1e triatlon Stein 1990: 1e duatlon Palm Springs 1991: 1e triatlon Stein 1991: 1e triatlon Roth 8:55:29 1991: 4e triatlon Hawaï 1992: 1e triatlon Stein 1992: 2e triatlon Roth 1992: 3e triatlon Hawaï 1992: 3e triatlon Frankfurth 1993: 1e triatlon Austraalje 1993: 1e maraton fan Apeldoorn

Kategory:Frysk triatleet Kategory:Frysk duatleet Kategory:Frysk lange-ôfstânsdraver Kategory:Frysk maratondraver Kategory:Frysk fysioterapeut Kategory:Frysk sjirurch Kategory:Nederlânsk triatleet Kategory:Nederlânsk duatleet Kategory:Nederlânsk lange-ôfstânsdraver Kategory:Nederlânsk maratondraver Kategory:Nederlânsk fysioterapeut Kategory:Nederlânsk sjirurch Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Jiskenhuzen Kategory:Persoan berne yn 1960